Sû (folk): ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
Dexbot (oerlis | bydragen)
L Removing Link GA template (handled by wikidata)
Pierlala (oerlis | bydragen)
No edit summary
Rigel 19:
De '''Sû''' ([[Ingelsk]]: '''''Sioux'''''; útspr.: ['su:]) binne in lânseigen [[Yndianen|Yndiaansk]] folk fan 'e [[Grutte Flakten (Noard-Amearika)|Grutte Flakten]] fan [[Noard-Amearika]]. De term is fan tapassing op 'e hiele [[etnyske groep]] fan 'e saneamde [[Grutte Sû Naasje]], mar likegoed op elts fan 'e etnyske subgroepen dêrfan en op 'e ûnderskate [[taal|talen]] en [[dialekt]]en dy't troch de leden dêrfan sprutsen wurde. De Sû as folk falle útinoar yn trije grutte [[etnyske groep|etnyske]] en [[taalkunde|linguïstyske]] kloften, nammentlik de [[Lakota (folk)|Lakota]] en de [[Eastlike Dakota (folk)|Eastlike]] en [[Westlike Dakota (folk)|Westlike Dakota]]. Foarhinne spriek men gauris fan 'e Lakota, de Dakota (d.w.s. de Eastlike Dakota) en de Nakota, wêrby't dy lêste beneaming dan op 'e Westlike Dakota sloech, mar resint taalûndersyk hat útwiisd dat de Eastlike en Westlike Dakota eins nau besibbe binne, sadat de namme "Nakota" no inkeld noch mar brûkt wurdt foar twa besibbe folken (de [[Assiniboin (folk)|Assiniboin]] en de [[Stony (folk)|Stony]]), dy't net ta de Sû rekkene wurde. De Sû kinne fierders neffens tradysjonele etnyske en dialektyske breklinen opdield wurde yn sân grutte stammen, wêrby't benammen de [[Titon (stamme)|Titon]] (Lakota) dan noch wer fierder opspjalten wurde kinne yn wichtige substammen.
 
De Sû libje hjoed oan 'e dei benammentlik yn 'e [[Feriene Steaten|Amerikaanske]] [[Amerikaanske steaten|steaten]] [[Noard-Dakota|Noard-]] en [[Súd-Dakota]], [[Montana]], [[Nebraska]] en [[Minnesota]], wylst der fierders lytse groepen yn it suden fan 'e [[Kanada|Kanadeeske]] [[Kanadeeske provinsjes en territoaria|provinsjes]] [[Manitoba]] en [[Saskatchewan]] tahâlde. De helte fan harren wennet yn [[Yndianereservaat|Yndianereservaten]]. Hja binne ien fan 'e bekendste Yndiaanske folken fan Noard-Amearika, om't se yn [[njoggentjinde ieuiuw]] in grut part fan 'e noardlike Grutte Flakten behearsken, wat harren allegeduerigen yn konflikt brocht mei blanke kolonisten en it Amerikaanske leger. De rop fan guon foarfallen, lykas de [[Slach oan de Little Bighorn]], en de reputaasje fan party Sû-lieders, lykas [[Sittende Bolle]] en [[Mâl Hynder]], hawwe meitiid wol hast legindaryske foarmen oannommen. Sels no noch, al hoe ûnder fuotten brocht oft harren kultuer en identiteit ek wêze mei, binne se mei likernôch 170.000 minsken op 'e Flakten noch altiten fierwei it grutste Yndiaanske folk.
 
== Etymology ==
Rigel 57:
*** [[Twatsjettels]] <small>(Ingelsk: ''Two Kettles''; Lakota: ''O’óhenuŋpa''; "Dy't Twaris Siede")</small>
 
Hjoed oan 'e dei libje de Sû benammentlik yn 'e [[Feriene Steaten|Amerikaanske]] [[Amerikaanske steaten|steaten]] [[Noard-Dakota|Noard-]] en [[Súd-Dakota]], mei oansjenlike groepen yn 'e steaten [[Montana]] en [[Nebraska]], en lytsere tropkes yn 'e steat [[Minnesota]] en de [[Kanada|Kanadeeske]] [[Kanadeeske provinsjes en territoaria|provinsjes]] [[Manitoba]] en [[Saskatchewan]]. Der wurdt rûsd dat der op 't heden likernôch 170.000 Sû binne, wêrfan goed 163.000 yn 'e Feriene Steaten en sa'n 6.700 yn Kanada. Likernôch de helte dêrfan wennet noch altyd yn 'e [[Yndianereservaat|Yndianereservaten]] dy't harren oan 'e ein fan 'e [[njoggentjinde ieuiuw]] tawiisd binne. Yn 'e Feriene Steaten binne der 16 [[List fan Amerikaanske Yndianestammen mei federale erkenning|federaal erkende]] Sû-stammen en dêropta ien federaal erkende stamme fan mingde etnisiteit (Sû-Assiniboin), dy't alle santjin in eigen reservaat hawwe. Yn Kanada binne der 9 "earste naasjes" (sa't stammen dêr neamd wurde), dy't folslein fan Sû-etnisiteit binne, en teminsten ien oaren dy't foar in part Sû is, ek wer allegear mei harren eigen reservaten. De stammen rinne útinoar fan 'e [[Oglala Sû Stamme fan it Pine Ridge Reservaat fan Súd-Dakota]], mei 47.000 leden, oant de [[Wood Mountain Earste Naasje]] út súdlik Saskatchewan, mei mar 210 leden. (Sjoch foar in opsomming ûnder it kopke "Stamme-organisaasjes", leger op dizze side.) De alve Sû-stammen yn Noard- en Súd-Dakota en Nebraska (mei in mienskiplik ledetal fan likernôch 144.000) foarmje mei-inoar de [[Feriene Sû Stammen]], in koepelorganisaasje dy't lykwols troch de Amerikaanske oerheid net erkend wurdt. Net alle etnyske Sû binne lid fan in stamme, en om lid te wurden fan ien fan 'e federaal erkende Sû-stammen yn 'e Feriene Steaten moat men oantoane kinne dat men teminsten foar in fearn fan Sû-komôf is (ien fan jins pakes en beppes moat dus in folbloed-Sû west hawwe).
[[Ofbyld:Oglala_girl_in_front_of_a_tipi.jpg|left|thumb|200px|In tradysjonele [[tipy]] fan 'e [[Oglala]]-[[Lakota (folk)|Lakota]].]]
 
== Skiednis ==
=== Iere kontakten en de pelshannel ===
It earste kontakt fan 'e Sû mei [[Jeropa|Jeropeänen]] fûn plak yn 'e rin fan 'e [[santjinde ieuiuw]], doe't de Sû yn 'e neite fan 'e boarnen fan 'e rivier de [[Mississippy (rivier)|Mississippy]] taholden, yn in krite dy't no diel útmakket fan 'e Amerikaanske steaten [[Minnesota]], [[Iowa]] en [[Wiskonsin]]. De [[Frankryk|Frânske]] [[ûntdekkingsreizger]]s [[Pierre-Esprit Radisson]] en [[Médard des Groseilliers]] besochten harren dêre yn 'e winter fan [[1659]] op [[1660]]. Frânske en [[Frânsk-Kanadezen|Frânsk-Kanadeeske]] pelskeaplju en misjonarissen, lykas [[Claude-Jean Allouez]] en [[Daniel Greysolon Duluth]], diene letter itselde, en [[Pierre-Charles Le Sueur]] oerwintere yn [[1700]] sels by de Dakota.
 
Ut dizze iere assosjaasje mei de Frânsen, dy't yn [[Noard-Amearika]] allegeduerigen yn oarloch ferkearden mei de [[Grut-Brittanje|Britten]], komt de hiele lettere skiednis fan 'e Sû en harren fijânskip mei yn 't earstoan de Britten en letter de Amerikanen fuort, soe men sizze kinne. Der wie nammentlik grou jild te fertsjinjen mei de [[pelshannel yn Noard-Amearika|pelshannel]], en om dêr optimaal fan te profitearjen, rjochten de Britten yn [[1670]] de [[Hudsonbaaikompanjy]] op, dy't in ferbûn oangie mei de [[Assiniboin (folk)|Assiniboin]], de [[Flakte-Kry (folk)|Flakte-Kry]] en de [[Flakte-Odjibwe (folk)|Flakte-Odjibwe]]. Mei't dy trije stammen erffijannen fan 'e Sû wiene, waarden hja dêrtroch fierder yn 'e earms fan Frânsen dreaun, mei wa't de Dakota oan 'e ein fan 'e santjinde ieuiuw in formeel bûnsgenoatskip sleaten. Nettsjinsteande dat har tydlingswei gewelddiedige ûnderlinge ynsidinten tusken de Frânsen en Sû foardiene, bleaune sy inoars bûnsgenoaten tsjin 'e Britten, sels noch nei't de Frânsen yn [[1763]] al harren koloniale besittings op it fêstelân fan Noard-Amearika opjaan moasten.
 
=== Op 'e flakten ===
Nei't harren bûnsgenoaten de [[Sjajinnen]] om [[1720]] hinne by harren it [[hynder]] yntrodusearre hiene, teagen de Lakota al rillegau út it eastlike wâldgebiet wei, om 'e [[Mississippy (rivier)|Mississippy]] en de [[Missoury (rivier)|Missoury]] oer te stekken nei de [[Grutte Flakten (Noard-Amearika)|Grutte Flakten]]. Dêr namen se krekt as de Sjajinnen in [[hynstekultuer]] oan, en fêstigen se in [[nomade|nomadyske]] libbenswize yn wat no [[Noard-Dakota|Noard-]] en [[Súd-Dakota]], [[Montana]], [[Nebraska]] en [[Wyoming]] is. Harren kultuer stipe fierhinne op twa bisten, de [[mustang (hynder)|mustang]], dy't harren faasje ferskafte, en de [[Amerikaanske bizon]], dêr't se op jagen. De Dakota bleaune langer beëasten de grutte rivieren, en guon fan 'e Eastlike Dakota libje noch altiten yn Minnesota, al folgen alle Westlike Dakota en in diel fan 'e Eastlike Dakota úteinlik de Lakota nei it westen ta. Ienris oare kant de grutte rivieren ferkrongen de Sû harren Sjajinske bûnsgenoaten fierder nei it westen en dominearren se oardel ieuiuw lang de noardlike flakten.
 
Behalven mei de Sjajinnen hiene de Sû ek in langjierrich bûnsgenoatskip mei de [[Arapaho (folk)|Arapaho]]. Noardlik en noardeastlik fan harren libben harren fijannen fan 'e Izeren Konfederaasje: de Assiniboin, Flakte-Kry en Flakte-Odjibwe. Op nei it noardwesten wennen oare fijannen, lykas de [[Kro (folk)|Kro]], de [[Sjosjoanen]] en de [[Swartfuotten (folk)|Swartfuotten]]. De grutste deilisskip hiene de Sû lykwols mei de [[Pâny (folk)|Pâny]] (''Pawnee''), dy't besuden harren libben, yn it gebiet dat no [[Kansas]] en [[Nebraska]] beslacht. De Sû en de Pâny ferkearden sûnder ûnderbrekking yn oarloch, en dat wie in folsleine oarloch, wêrby't nimmen sparre waard, froulju noch bern noch âlden fan dagen. Yn dit ljocht moat ek de freonskiplike relaasje sjoen wurde dy't der altyd tusken de Pâny en de Amerikanen bestien hat, en it wie de reden dat safolle Pâny-krigers as ferkenner tsjinst namen by de Amerikaanske kavalery. De lêste grutte slach tusken Pâny en de Sû wie de [[Slach by Massacre Canyon]], dy't op [[5 augustus]] [[1873]] útfochten waard.
Rigel 95:
 
=== Yn 'e reservaten ===
Fan it [[Grutte Sû Reservaat]], dat de Lakota by it Ferdrach fan Fort Laramie fan 1868 "foar ivich" tasein wie, waarden al rillegau wer grutte stikken fan ôfpakt. Fan it oarspronklike oerflak fan 240.000 km² bleau úteinlik minder as de helte oer, en boppedat waard it opspjalten yn fiif folle lytsere reservaten, te witten: [[Cheyenne River Yndianereservaat|Cheyenne River]], [[Neder-Brulee Yndianereservaat|Neder-Brulee]], [[Rosebud Yndianereservaat|Rosebud (of Opper-Brulee)]], [[Pine Ridge Yndianereservaat|Pine Ridge]] en [[Standing Rock Yndianereservaat|Standing Rock]]. Likegoed mochten de Sû har eins nòch yn 'e hannen knipe, want in grut tal oare stammen waarden sûnder pardon út har wengebiet wei deportearre nei it [[Yndiaanske Territoarium]] (it tsjintwurdige [[Oklahoma]]), om romte te meitsjen foar blanke kolonisten. Trochdat de blanken de [[Amerikaanske bizon|bizons]] tsjin 'e ein fan 'e njoggentjinde ieuiuw frijwol útroege hiene, waarden de Sû, dat, útsein de Eastlike Dakota fan Minnesota, gjin lânbouwers wiene, foar harren itensfoarsjenning folslein ôfhinklik fan 'e Amerikaanske oerheid. Sels doe't se meitiid begûnen mei it ferbouwen fan [[nôt]] en it weidzjen fan [[ko|kij]], die bliken dat de reservaten net fruchtberdernôch wiene en foarsjoch yn al harren libbensûnderhâld. Sels tsjintwurdich noch foarmje de Sû-reservaten fan Súd-Dakota it earmste gebiet fan 'e hiele Feriene Steaten.
 
=== Aktivisme yn 'e 20ste en 21ste ieuiuw ===
Sûnt de ein fan 'e jierren sechtich is der in oplibbing fan 'e Sû-kultuer ûntstien, dy't ek laat hat ta aktivisme fan yn 't earstoan fral jonge Sû, dy't har sterk makken foar bettere libbensomstannichheden en dêrnjonken harren boargerrjochten opeasken. Ien fan 'e meast dramatyske ynsidinten wie datoangeande de [[Besetting fan Wounded Knee|belegering]] fan it plakje [[Wounded Knee (Súd-Dakota)|Wounded Knee]], yn Súd-Dakota, dêr't yn [[1890]] it alderlêste ferset fan 'e Sû yn bloed smoard wie. Sa'n twahûndert Oglala Lakota en oare leden fan 'e [[Amerikaanske Yndiaanske Beweging]] (AIM) holden Wounded Knee yn [[1973]] fan [[27 febrewaris]] oant [[8 maaie]] beset, en trochstiene dêrby 71 dagen lang it belis troch de [[FBI]] en de ''[[United States Marshals Service]]''. Oan 'e kant fan 'e AIM foelen twa deaden en trettjin ferwûnen, wylst der oan 'e kant fan 'e oerheidstsjinsten twa lju ferwûne rekken.
[[Ofbyld:Possible Lakotah borders.png|left|thumb|250px|De grinzen fan 'e [[Republyk Lakota]] neffens it [[Ferdrach fan Fort Laramie (1851)|Ferdrach fan Fort Laramie]] fan [[1851]] (mei [[Porcupine (Súd-Dakota)|Porcupine]] as haadstêd).]]
Rigel 127:
**** [[Lakota (taal)|Súdlik Lakota]] (Oglala-Brulee) <small>(Ingelsk: ''Southern Lakota'')</small>
 
It is mei de talen fan 'e Sû sûnt de ein fan 'e njoggentjinde ieuiuw slim yn it neigean rekke. It Dakota (ynkl. Eastlik en Westlik Dakota) wurdt tsjintwurdich noch sprutsen troch likernôch 21.000 minsken (neffens gegevens fan 'e Amerikaanske folkstelling fan [[2010]] en [[taalkunde]]webside ''Ethnologue'' út [[2013]]), wylst it Lakota noch mar 6.200 sprekkers hat (sa die bliken út in taalkundich ûndersyk út [[1997]]). Mei-inoar komt dat dus op goed 27.000 Sû-taligen, wat 15,9% is fan it totale oantal Sû, dat op 170.000 rûsd wurde moat.
 
== Stamme-organisaasjes ==