Toerisme: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
Dexbot (oerlis | bydragen)
L Removing Link FA template (handled by wikidata)
Pierlala (oerlis | bydragen)
No edit summary
Rigel 5:
Lju dy't dêr yn finansjeel opsjoch it frij ta hiene, hawwe altiten al reizge om gjin bettere reden as dat se der aardichheid oan hiene om nije dingen te sjen en ûnbekende lannen te besykjen. Sels yn 'e [[Aldheid]] al wiene kuststeden lykas [[Baiae]] populêre fakânsje-oarden foar de elite fan 'e [[Rome (stêd)|Romeinske Republyk]].
 
De oarsprong fan toerisme yn syn hjoeddeistige foarm giet lykwols werom op 'e saneamde [[Grutte Toer]] ([[Ingelsk]]: ''Grand Tour'') dy't jongemannen fan 'e [[Ingelân|Ingelske]] en letter [[Grut-Brittanje|Britske]] [[aristokrasy]] fan likernôch [[1660]] ôf ûndernamen by wize fan in edukative rûnreis troch benammentlik [[Itaalje]], mar faak ek [[Grikelân]] en soms oare lannen dêr't restanten fan 'e [[Klassike Aldheid]] te besichtigjen wiene. Dy gewoante krige úteinlik de foarm fan in soarte fan [[inisjaasjeriten|inisjaasjeritueel]] oan it begjin fan it libben as folwoeksene. Lyksoartige reizen waarden wol makke, sij it folle ynsidinteler, troch rike jongemannen út 'e [[protestantisme|protestantske]] lannen fan noardlik [[Jeropa]], en fanôf de twadde helte fan 'e [[achttjinde ieuiuw]] ek wol troch guon út de [[Feriene Steaten]] en [[Latynsk-Amearika]]. Nei't sokke reizen troch de yntrede fan it spoar en it steamskip, healwei de [[njoggentjinde ieuiuw]], makliker en goedkeaper waarden, begûn ek de Ingelske middenklasse deroan mei te dwaan. Yn dyselde snuorje waard ien fan 'e earste reisorganisaasjes foar persiis dit soarte toerisme opset troch de bekende [[Thomas Cook]].
 
== Toerisme hjoed de dei ==