Tomahawk (bile): ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
L red
Pierlala (oerlis | bydragen)
No edit summary
Rigel 3:
 
==Etymology==
De namme komt fan it wurd ''tamahaac'', út 'e [[Algonkwynske talen|Algonkwynske]] [[Pouhattan (taal)|Pouhattan]]-taal, dat weromgiet op 'e [[Proto-Algonkwynsk]]e woartel *''temah-'', dat "ôfsnije mei ark" betsjut. Besibbe talen hawwe soartgelikense wurden (bgl. [[Delawêr (taal)|Delawêr]] ''tǝmahikan'', [[Malisiit (taal)|Malisiit]] ''tomhikon'', [[Abenaky (taal)|Abenaky]] ''demahigan''), dy't allegear fan "bile" betsjutte. As [[lienwurd]] krong dizze term yn 'e [[santjinde ieuiuw]] it [[Ingelsk]] binnen, en dêrwei hat er him sûnt ferspraat nei in ferskaat oan oare Westerske talen.
[[File:Tomakawk.jpg|left|thumb|250px|In piip-''tomahawk'' út 'e iere [[njoggentjinde ieuiuw]].]]
 
==Skiednis==
Rigel 12:
By Yndiaanske ''tomahawks'' hie de bilekop soms de foarm fan in pipekop, en wie der in gat troch de stâle boarre, sadat it gehiel ek as [[piip (smoken)|piip]] tsjinje koe, foar it [[smoken]] fan [[tabak]]. Sokke piip-''tomahawks'' waarden gauris makke troch blanken, foar it inkele doel om se as diplomatike geskinken oan Yndiaanske foaroanlju te jaan. Soks hie njonken de monetêre wearde ek in symboalyske betsjutting; it stie foar de kar dy't sawol blanken as Yndianen meitsje moasten as hja inoar metten: de [[fredespiip]] smoke of de wapens (''tomahawk'') opnimme.
 
Yn 'e twadde helte fan 'e [[achttjinde ieuiuw]] dielde it [[Grut-Brittanje|Britske]] leger ûnder de [[Amerikaanske Unôfhinklikheidsoarloch]] foar it earst ''tomahawks'' út oan syn manskippen, om har sawol ta wapen as ta ark te tsjinjen. Yn 'e moderne tiid waarden ''tomahawks'' op 'e nij as oarlochswapen en ark brûkt troch [[Feriene Steaten|Amerikaanske]] elitetroepen yn 'e [[Fjetnamoarloch]]. Dêrfandinne dat militêre ''tomahawks'' tsjintwurdich bekendsteane as "Fjetnam-''tomahawks''". Orizjinele Fjetnam-''tomahawks'' út 'e jierren sechtich binne tsjintwurdich trouwens seldsume sammeldersfoarwerpen, dy't hege prizen opbringe. Ek Amerikaanske troepen yn [[Irak]] en [[Afganistan]] binne/wiene mei ''tomahawks'' tarist.
 
==Sport==