Tomas fan Woodstock (toanielstik): ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
red
Pierlala (oerlis | bydragen)
No edit summary
Rigel 31:
Guon saakkundigen hawwe ''Tomas fan Woodstock'' taskreaun oan 'e [[William Shakespeare]], en sadwaande wurdt it ta de [[Shakespeariaanske apokrifa]] rekkene, mar oer dy taskriuwing binne de mienings yn akademyske fermiddens djip ferdield, mei party wittenskippers dy't it suver wis achtsje dat Shakespeare alteast by it skriuwen fan it stik belutsen wie, wylst oaren dêr neat fan witte wolle. In wichtich argumint tsjin Shakespeariaansk auteurskip is dat yn ''Tomas fan Woodstock'', dat yn 'e histoaryske gronology fan 'e Shakespeariaanske keningsstikken foàr ''[[Richard II (toanielstik)|Richard II]]'' falle soe, [[Henry Green (politikus)|sir Henry Green]] sneuvelet yn akte V, wylst dyselde oan it begjin fan ''Richard II'' wer libbet oant er yn akte III op befel fan [[Hindrik IV fan Ingelân|Hindrik IV]] terjochtsteld wurdt. As ''Tomas fan Woodstock'' al in toanielstik fan Shakespeare is, soe dit yn syn hiele oeuvre it iennichste foarbyld wêze fan immen dy't twaris stjert.
 
Ek oer de fraach wannear't ''Tomas fan Woodstock'' skreaun is, rinne de mienings útinoar: it is datearre omtrint [[1582]], tusken [[1591]] en [[1595]], en yn it earste desennium fan 'e [[santjinde ieuiuw]]. Fanwegen it feit dat de oarspronklike titel ûnbekend is, bestiet der gjin bewiis dat it stik ea opfierd is. Lykwols wize de fersliten steat fan it manuskript en de oanwêzigens fan yn 'e marzje delkwattele oantekens oangeande de nammen fan spesifike [[akteur]]s en ynstruksjes troch de doetiidske [[sinsuer]] derop dat ''Tomas fan Woodstock'' ûnder it regear fan [[Jakobus I fan Ingelân|Jakobus I]] grif ferskate kearen op 'e planken brocht wêze moat.
 
{{boarnen|boarnefernijing=