Twadde Brief fan Jehannes: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
red
Pierlala (oerlis | bydragen)
No edit summary
Rigel 29:
 
==Ynhâld==
''2 Jehannes'' is ien fan 'e koartste boeken fan 'e Bibel, en beslacht, noaten net meirekkene, amper in heale side. It brief is rjochte ''"oan 'e útkarde frou en oan har bern, dy't ik oprjocht leafhaw"'' (''2 Jeh.'' 1:1). Men giet der gauris fan út dat "de útkarde frou" de tsjerke sels is en dat "har bern" de leauwenden binne; ek is it mooglik dat der in beskate kristlike gemeente mei bedoeld is. It boadskip fan it brief is hiel dúdlik. Yn 'e twadde helte fan 'e [[earste ieuiuw]] hiene [[gnostyk|gnostisy]], [[dosetisme|dosetisten]] en oaren frijwat kristenen op 'e doele brocht, sa't Jehannes it seach. Hja learden dat [[Jezus Kristus]] inkeld yn oerdrachtlike sin de Soan fan [[God]] wie, of dat it, as er dat al wie, inkeld like hie as hied er in minsklik stal oannommen, of dat syn weropstanning inkeld in weropstanning fan 'e geast en net fan it lichem wie. Yn ''2 Jehannes'' neamt de [[skriuwer]] dat dwaallearen en wiist er dy yn hurde bewurdings ôf; hy neamt sels de lju dy't soks ferkundigje ''"de ferlieder en de anty-Kristus"'' (''2 Jeh.'' 1:7b). Hy riedt de "útkarde frou en har bern" om har tsjin sokken te wacht te nimmen en op te passen ''"dat jimme net kwytreitsje wat wy beskrept hawwe, mar it folle lean barre meie"'' (''2 Jeh.'' 1:8).
 
==Fryske oersetting==