Twadde Brief fan Petrus: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
ynfoboks, boarnen
Pierlala (oerlis | bydragen)
No edit summary
Rigel 29:
 
==Skriuwer en oarsprong==
Tradysjoneel waard ''2 Petrus'' neffens de bewearing yn 'e tekst sels (''2 Petr.'' 1:1) oan 'e [[apostel]] [[Petrus (apostel)|Petrus]] (†[[64]]/[[67]]) taskreaun, dat ien fan 'e meast promininte dissipels fan [[Jezus|Jezus fan Nazaret]] wie. De measte hjoeddeiske krityske bibelwittenskippers en [[teolooch|teologen]] binne lykwols fan tinken dat it in [[pseudepigraaf|pseudepigrafyske]] tekst fan in anonime [[skriuwer]] ûnder de namme fan Petrus is, û.m. om't [[Jezus Kristus]] yn 'e tekst lykslein wurdt mei [[God]] (wat op in lettere oarsprong wiist), en om't it brief gâns ûntliend hat oan it ''[[Brief fan Judas]]'', wat in apart dwaan liket foar in man mei it gesach dat Petrus yn 'e iere tsjerke hie. It brief is rjochte oan 'e kristenen yn it algemien en kin grutdiels beskôge wurde as in warskôging tsjin lju dy't de dwaallear ferkundigen dat de [[messias]] Jezus Kristus net mear weromkomme soe. ''2 Petrus'' wurdt sadwaande almeast datearre yn 'e earste helte fan 'e [[twadde ieuiuw]], doe't de leauwenden har begûnen ôf te freegjen wêrom't de werkomst fan 'e messias sa lang útbleau.
[[Ofbyld:Dürer-Petrus.jpg|left|thumb|150px|De [[apostel]] [[Petrus (apostel)|Petrus]], in detail út in skilderij fan [[Albrecht Dürer]].]]