Wetterlânsk: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
L red
Pierlala (oerlis | bydragen)
No edit summary
Rigel 17:
 
==Subdialekten==
It bekendste Wetterlânske ûnderdialekt is it [[Foalendamsk]], dat oant op 'e dei fan hjoed de normale omgongstaal foarmet yn it eardere [[fisker]]sdoarp [[Foalendam]]. Dêrby moat opmurken wurde dat it Foalendamsk foar it Wetterlânsk no krekt in protte atypyske skaaimerken hat, dy't feroarsake binne troch ferskate faktoaren. Sa wie Foalendam as [[roomsk-katolisisme|roomsk]] doarp yn in [[protestantisme|protestantske]] streek foarhinne sterk isolearre yn syn kontakten mei it efterlân, en dêr kaam noch by dat it troch de [[fiskerij]] dochs al yn hege mjitte op 'e [[see]] oriïntearre wie. Boppedat ûndergie it yn 'e [[njoggentjinde ieuiuw]] in sterke ynfloed fan it [[Skokkersk]], it [[Nedersaksysk]]e dialekt fan it [[Sudersee]]-[[eilân]] [[Skoklân]], mei't in protte fan 'e bewenners fan Skoklân har yn Foalendam nei wenjen setten doe't harren eilân ûntromme waard.
[[File:Lânkaart lokaasje Wetterlânsk.PNG|left|thumb|230px|De lokaasje fan it Wetterlânsk yn it gruttere [[Hollânsk]]e taalgebiet.]]
[[File:Lânkaart terreinferlies Frysk yn Nederlân.PNG|right|thumb|200px|Terreinferlies fan it [[Frysk]] yn [[Nederlân]] troch de ieuweniuwen hinne.]]
 
In oar Wetterlânsk dialekt dat in beskate bekendheid hat, is it [[Markersk]], fan it eardere eilân [[Marken (eilân)|Marken]], dat ek al in frij isolearre ûntwikkeling trochmakke hat. Represintativer foar it Wetterlânsk as gehiel is it [[Mûntsjedamsk]], fan it havenstedsje [[Mûntsjedam]]. Tsjintwurdich steane krekt as yn 'e rest fan [[Nederlân]] ek yn Wetterlân de âlde dialekten ûnder swiere druk fan it [[Nederlânsk|Standertnederlânsk]], wat makket dat se hast oeral sterk yn it neigean rekke binne. Allinnich yn sletten mienskippen as Foalendam wurde se noch algemien sprutsen, ek troch de jongerein.
Rigel 26:
 
==Taaleigenskippen==
It Wetterlânsk hat krektlyk as de [[Westfryske dialekten]] in [[Frysk]] [[substraat]]. Hoewol't it grutste part fan it gebiet tusken [[1300]] en [[1600]] ûntfryske rekke is, waard op [[Seefang]], in earder [[eilân]] mei û.m. de plakken [[Edam]] en [[Foalendam]], dat fierhinne fan 'e rest fan Wetterlân skaat waard troch de [[Beemstermar]] en de [[Purmermar]], noch lange tiid in eigen foarm fan Frysk sprutsen, mooglik oant yn 'e [[achttjinde ieuiuw|achttjinde]] of [[njoggentjinde ieuiuw]]. Sadwaande lykje de tsjintwurdige Wetterlânske dialekten sterk op it Westfrysk, en is yn it [[Foalendamsk]] (mar net yn it [[Markersk]]) de [[konsonant]]ekluster [sk] (sk fan "skaad") bewarre bleaun, wylst it [[Hollânsk]] en it [[Nederlânsk|Standertnederlânsk]] dêr de kluster [sx] (''sch'' fan ''school'') hawwe (ferlykje Foalendamsk ''skaip'' ("skiep"), Markersk ''scheep'', Nederlânsk ''schaap'').
 
Fierders hat it Wetterlânsk mei it Westfrysk gemien dat de Nederlânske [[twalûd]]en [ɛ.i̭] (ij fan "bij") en [ʌi̭] (ui fan "bui") der net algemien yn trochkrongen binne. Sa seit men foar it Nederlânske ''blijven'' ("bliuwe") yn it Foalendamsk fan ''blaive'' en yn it Markersk fan ''blieve'', en foar Nederlânske ''huis'' ("hûs") yn it Foalendamsk wol fan ''uis'', mar yn it Markersk fan ''ois''. Oan dit lêste foarbyld is daliks ek in oare skaaimerk te sjen dat it Wetterlânsk mei alteast guon Westfryske dialekten mienskiplik hat, nammentlik it fuortfallen fan 'e h oan it begjin fan wurden. Foar it Nederlânske ''hersens'' ("harsens") jout it Foalendamsk sadwaande ''arses'' en it Markersk ''arsens'', sa't it Westfryske [[Inkhústersk]] dêr ek de foarm ''òrses'' foar hat, en it [[Egmondsk]] ''arsens''.