Mahabharata: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
Pierlala (oerlis | bydragen)
No edit summary
Pierlala (oerlis | bydragen)
korr. kepp.
Rigel 26:
| ISBN oers. =
}}
It '''''Mahabharata''''', yn it oarspronklike [[Sanskryt]]: '''महाभारत''', sekuerdere transliteraasje: '''''Mahābhārata''''' (útspr.: /məhɑːbʱɑːrət̪ɑ/), is ien fan 'e beide grutte [[epysk gedicht|epyske gedichten]] fan it [[hindoeïsme]] (it oare is it ''[[Ramayana|Rāmāyaṇa]]''). It is fierwei it langste Sanskrityske epos, en bestiet út mear as 200.000 dichtregels. It is gearstald fan 'e [[5e iuw f. Kr.|fyfde iuw f. Kr.]] oant de [[fjirde iuw|fjirde iuw n. Kr.]], en wurdt tradysjoneel taskreaun oan 'e wize [[Vyasa|Vyāsa]]. It ''Mahābhārata'', dat oerset wurde kin as it "Grutte Ferhaal fan 'e Bhārata-dynasty", beskriuwt de [[Kurukshetra-oarloch]] en it lot fan 'e rivalisearjende [[Pandava's|Pandava]]- en [[Kaurava's|Kaurava]]-prinsen, dy't inoar it bewâld oer it [[Kuru-Ryk]] bekreauwe, mar giet dêrnjonken ek djip yn op [[teology]]ske en [[filosofy]]ske kwestjes.
 
Mank de wichtichste ferhalen dêr't it ''Mahābhārata'' út opboud is, binne ek de ''[[Bhagavad Gita|Bhagavad Gītā]]'', it ferhaal fan [[Damayanti]] (dat in ferkoarte ferzje fan it ''Rāmāyaṇa'' is) en de ''[[Rishyasringa|Ṛṣyaśṛṅga]]'', dy't alletrije frij algemien beskôge wurde as masterwurken op harsels. Behalven yn it hindoeïsme nimt it ''Mahābhārata'' ek in wichtich plak yn yn it [[boedisme]], it [[jaïnisme]] en it [[sikhisme]]. It is ien fan 'e hoekstiennen fan 'e kultuer fan [[Yndia]] en [[Nepal]] en teffens fan boedistyske [[Súdeast-Aazje|Súdeastaziatyske]] lannen lykas [[Burma]], [[Tailân]], [[Laos]] en [[Kambodja]], en sels fan it sûnt iuwen [[islam]]ityske [[Yndoneezje]] en [[Maleizje]]. Kwa belang foar de wrâldliteraruer wurdt it ''Mahābhārata'' geregeld yn ien sike wei neamd mei mei [[Bibel]], de [[Koaran|Koraan]] en de wurken fan [[Homêros]] en [[Shakespeare]].
 
== Opbou en oarsprong ==
It ''Mahābhārata'' is in ûntsachlik epos fan likernôch 1,8 miljoen wurden, oardere yn likernôch 220.000 dichtregels en hast 100.000 ''śloka's'' (kûpletten). Of, om it oars te sizzen, it is it langste epyske dichtwurk fan 'e wrâld, acht kear sa lang as [[Homêros]] syn ''[[Ilias]]'' en ''[[Odyssee]]'' mei-inoar. De âldste oerlevere parten fan 'e tekst geane nei alle gedachten mar werom oant de [[fjirde4e iuw f. Kr.|fjirde]] of uterlik de [[5e iuw f. Kr.|fyfde iuw f. Kr.]], mar saakkundigen binne fan tinken dat de oarsprong fan it ''Mahābhārata'' as gehiel tebekgean moat op 'e achtste of njoggende iuw f. Kr. Neffens it ''Mahābhārata'' sels is it in útwreide ferzje fan in koarter ferhaal fan likernôch 50.000 dichtregels, dat it ''Bhārata'' hiet. It epos berikte wierskynlik syn definitive foarm yn it iere [[Gûpta-Ryk|Gûpta-tiidrek]], om 'e [[fjirde iuw]] (n. Kr.) hinne.
[[File:Draupadi and Pandavas.jpg|left|thumb|200px|Draupadī en har fiif manlju, de Pandava's.]]