Adonéïs: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
Pierlala (oerlis | bydragen)
No edit summary
Rigel 26:
| ISBN oers. =
}}
'''''Adonéïs''''', yn it oarspronklike [[Ingelsk]]: '''''Adonaïs''''' (útspr.: /ˌædɵˈneɪ.ɨs/; ek wol stavere as ''Adonaies''; folút: ''Adonaïs: An Elegy on the Death of John Keats, Author of Endymion, Hyperion, etc.''), is in [[gedicht]] fan 'e hân fan 'e grutte njoggentjinde-ieuskeiuwske [[Ingelân|Ingelske]] [[dichter]] [[Percy Bysshe Shelley]] ([[1792]]-[[1822]]). It is in pastoraal [[treurdicht]] foar Shelley syn tiidgenoat en mei-dichter [[John Keats]] ([[1795]]-[[1821]]), en wurdt rûnom beskôge as ien fan Shelley syn bêste en bekendste wurken. ''Adonéïs'' waard foar it earst útjûn yn [[1821]]; de [[Frysk]]e oersetting fan [[Douwe Kalma]] is út [[1916]].
 
==Eftergrûn==
Shelley skreau ''Adonéïs'', dat út 495 dichtregels bestiet, yn 'e maityd fan 1821, fuort nei't er op [[11 april]] hearde fan 'e dea fan John Keats (sân wike earder). Hy hie klassike treurdichten bestudearre en oerset, wêrûnder dy fan [[Fergilius]], en makke fan ''Adonéïs'' in pastorale elegy yn 'e Ingelske tradysje fan ''Lycidas'', fan [[John Milton]]. Sels beskôge er it as syn "minst ymperfekte" wurk. De titel is nei gedachten in opsetlike ferminging fan "Adonis", de [[Grykske mytology|Grykske]] god fan 'e fruchtberens, en "Adonai", it [[HebrieuskHebriuwsk]]e wurd foar "hear" (ornaris brûkt as oantsjutting foar [[God]]). ''Adonéïs'' waard yn july 1821 publisearre troch [[útjouwer]] Charles Ollier, mei in foarwurd fan 'e dichter sels, wêryn't er by fersin oannaam dat Keats stoarn wie trochdat syn longen barst wiene fan razernij nei it lêzen fan 'e ûnnedich skerpe resinsjes oangeande syn fersen yn 'e ''Quarterly Review'' en oare [[tydskrift]]en.
 
Shelley en Keats waarden mei-inoar yn 'e kunde brocht yn ein [[1816]], troch harren beider freon [[James Henry Leigh Hunt]]. Shelley syn ûnbidige bewûndering foar Keats waard troch dyselde net alhiel beäntwurde. Keats karde Shelley syn lossinnich hâlden en dragen ôf en fûn in part fan Shelley syn rie feraffrontearjend (lykas it advys dat Keats syn ierste wurk mar better net publisearje koe). Dochs ûnderholden beiden in briefkerij en Shelley syn gefoelens foar Keats syn gedichten bleaune itselde oant syn eigen dea yn 1822, doe't in eksimplaar fan Keats syn wurken yn in bûse op syn ferdronken lyk oantroffen waard.