Aenjewierder Tsjerke: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
SamoaBot (oerlis | bydragen)
L Bot: Migrating 1 interwiki links, now provided by Wikidata on d:Q7477651
Pierlala (oerlis | bydragen)
No edit summary
Rigel 1:
[[Ofbyld:Tjalleberd.jpg|thumb|''Aengwirder Tsjerke'']]
De '''Aengwirder Tsjerke''' is in tsjerkegebou oan de Pastorijeleane yn [[Tsjalbert]].
De herfoarme tsjerke út 1742 is, neffens in [[gevelstien]] boppe de yngong oan de westside, boud yn opdracht fan [[List fan grytmannen fan Aengwirden|grytman fan Aengwirden]] Martinus fan Bouricius (1707-1755). De [[sealtsjerke]] hat in trijesidich sluten koar en houten geveltoer mei [[ynsnoerde spits]] oan de westside. Yn de toer hinget in liedklok (1670) fan klokkejitter [[Petrus Overney]]. Yn 1825 waard oan de noardside in dwerspân boud mei in [[neoklassisisme|neoklassisistysk]] [[Toskaanse oarder|toskaanse]] yngongspoarte. De preekstoel is út de santjinde ieuiuw. It oargel út 1869 is boud troch [[Lambertus van Dam|L. van Dam en Soannen]]. De tsjerke is in [[ryksmonumint]]. Yn 2011 is de tsjerke restaurearre.
 
De PKN Gemeente Tsjalbert-De Knipe<ref>[http://www.pkn-tjalleberd-deknipe.nl/ pkn-tjalleberd-deknipe.nl]</ref> tsjerket ôfwikseljend yn dizze tsjerke en de [[Nij Brongergea Tsjerke]].