Atanarik: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
Alpinu (oerlis | bydragen)
L Spanish spelling (España, Carlos)
Pierlala (oerlis | bydragen)
No edit summary
Rigel 11:
 
== Kristenferfolging 369-372 ==
Neidat er frede sletten hie, en er de oerienkomst tekene hie, koe Atanarik wer mei ynlânske problemen oan'e gong. Tusken [[369]] en [[372]] kaam it ta in grutte kristenferfolging by de Goaten. It kristendom, (sawol it [[katolisisme]] as it [[arianisme]]), makke yn de 4e ieuiuw opgong by de Goaten. Dat wie foaral te tankjen oan it eardere missy-wurk troch [[Wulfila]]. Foar Atanarik, in oertsjûge heiden, wie it kristendom net allinnich in bedriging foar de stamgoaden, mar kristenen waarden troch him ek sjoen as temûke hantlangers fan de Romeinen. Al earder wie by de Goaten tsjin kristenen optreden. Eardere kristenferfolgings barden (mooglik laat fan Atanarik syn heit) al om 348 hinne. In groep Goatyske kristenen (sa ek [[Ulfila]]) libbe sûnt yn de Romeinske provinsje [[Moesia]] (de ''[[Gothi minores]]''). Eltse stam moast in ôfgodsbyld sintraal stelle en eltsenien moast dêroan offerje. Wa't wegere moast deadien wurde.
 
== Fritigern ==