Benediktinen: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
SamoaBot (oerlis | bydragen)
L Robot: Verplaatsing van 1 interwikilinks. Deze staan nu op Wikidata onder d:q131132
Pierlala (oerlis | bydragen)
No edit summary
Rigel 6:
 
== Skiednis ==
De kleasters dy't de regel fan Sint Benediktus neifolgen, wienen yn it earstoan autonoom en hienen gjin tafersjoch fan bûtenôf. In tal gienen fan de 10e ieuiuw ôf byelkoar yn in [[kleasteroarder]]s as [[Kongregaasje (Benediktinen)|kongregaasje]]s. Paus [[Benediktus XII]] skreau yn [[1336]] yn in '' Summa magistri'' foar dat alle benediktine-abdijen harren gearfoegje moasten yn provinsjes en de lieding fan provinsjale [[kapittel]]s folgje moasten. Dêrút ûntstiene nije kongregaasjes. It [[Konsily fan Konstanz]] (1414-1418) ferplichte de benediktinen harren organisaasje op deselde wize yn te rjochtsjen as de [[Sistersjenzers|Sistersjenske oarder]].
 
De Oarder fan de Benediktinen (''Confoederatio Benedictina'') is feitlik in federaasje fan kongregaasjes en selstannige kleasters. Iltse kongregaasje is op syn beurt wer in federaasje, dy't faak útgiet fan in histoarysk wichtich kleaster dat foar oare oansletten kleaster in soarte fan memmekleaster is. Der binne goed tweintich benediktynske kongregaasjes. Dy kongrgaasjes moatte oars net trochinoar helle wurde mei [[Kongregaasje (kleastermienskip)|kongregaasjes]] yn tsjerkrjochtterlike sin.
 
== Ut de regel fan Benediktus ==
De Italjaanske [[Heremyt|kluzener]] [[Benediktus fan Nursia]] krige in protte neifolgers. Yn 529 stelde hy foar harren in [[kleasterregel]] op. Sûnt de [[Karolingen|Karolingysk]]e perioade (8e-9e ieuiuw) waard de [[Regula Benedicti|regel fan Benediktus]] by hieltyd mear [[abdij]]en brûkt.
* It [[7 (getal)|getal sân]] is hillich (sjoch ek [[Psalmen|Psalm]] 118,164). Dêrom bidde de muontsen sânris deis yn de tsjerke. Ek ’s nachts komme hja fan't bêd ôf om de Skepper te loovjen (Regel fan Benedictus, haadstik 16).
* Fanôf Peaske oant 1 oktober sille muontsen arbeidzje fan 7 oant 10 oere (Regel, haadst. 48).