Brandaan fan Clonfert: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
ynfoboks + boarnen
Pierlala (oerlis | bydragen)
No edit summary
Rigel 22:
'''Brandaan fan Clonfert''' (±[[484]], [[Fenit|Ciarraighe Luachra]] – ±[[577]], [[Annaghdown]]), wie in iere [[Ierlân (eilân)|Ierske]] tsjerkfaar en ien fan 'e [[Tolve Apostels fan Ierlân]], dy't nei syn dea hillich ferklearre is. [[Roomsk-Katolike Tsjerke|Roomsen]], [[Anglikaanske Tsjerke|anglikanen]] en [[eastersk-otterdoksy|eastersk-otterdoksen]] kenne him as Sint Brandaan, en fiere syn hjeldei op [[16 maaie]]. Hy is ek wol bekend as '''Brandaan de Seefarder''' en hiet eins Brennain mac Findloga (Brennain soan fan Findlag) of Brennain moccu Alti (Brennain oerpakesizzer fan Alti). Letter waard er bekend ûnder fertalings of oanpassings fan syn namme: [[Iersk]]: ''Breandán''; [[Yslânsk]]: ''Brandanus''; [[Ingelsk]]: ''Brendan''; [[Latyn]]: ''Brendanus'' of ''Brandanus''. Yn it [[Frysk]] en [[Nederlânsk]] waard syn namme ek wol ferbastere ta "Brandaris"; nei him is de [[Brandaris]], op [[Skylge]] neamd.
 
Brandaan wie in roomsk [[abt]], en stifte yn Ierlân ferskate [[kleaster]]s, wêrûnder (om [[568]] hinne) dat yn Clúain Forta ([[Clonfert]]), yn [[Konnacht]], dêr't syn namme mei ferbûn bleaun is. Oer syn libben is al net in bjuster soad bekend en wat der is, is neitiid alhiel yn it skaad kommen te stean fan 'e hilligeferhalen dy't har oer him ûntjûn hawwe. Hy is fral bekend fan syn [[leginde|legindaryske]] njoggenjierrige swalktocht oer de seeën, dy't oerlevere is yn in grut tal farianten, lykas de Latynske [[proaza]]ferzje ''[[Navigatio Sancti Brendani Abbatis]]'' (''[[De Seereis fan de Hillige Abt Brendan]]'') út 'e njoggende of tsiende ieuiuw, en it [[Midnederlânsk]]e [[gedicht]] ''[[Van Sente Brandane]]'' (''[[De Reis fan Sint Brandaan]]''). Yn [[2012]] ferskynden dy beide, tegearre mei noch twa teksten oer Brandaan, it tsiende-ieuskeiuwske ''[[Vita Sancti Brendani Clonfertensis]]'' (''[[It Libben fan de Hillige Abt en Bychtfaar Brendan]]'') en it ''[[Oratio Sancti Brendani]]'' (''[[It Gebed fan Sint Brendan]]''), yn in Fryske oersetting ûnder de titel ''Sint Brandaan yn Fjouwerfâld''.
 
{{boarnen|boarnefernijing=