Brothers in Arms (roman fan Lois McMaster Bujold): ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
Pierlala (oerlis | bydragen)
No edit summary
Rigel 42:
Inkele dagen letter wurde de Dendarii ynhierd om luitenant Vorkosigan (Miles sels dus) te ûntfieren. Miles beslút deryn mei te gean om te sjen wa't dêrefter sit, mar op it plak dêr't se him ôfleverje moatte soene, liket nimmen oanwêzich te wêzen. As Miles lykwols eefkes allinnich litten wurdt, wurdt er fluch oermastere en syn plak ynnommen troch in [[kloan]]; syn mannen ferlitte, nei't se tinke, ûnferrjochter sake it gebou mei de kloan en litte himsels efter. Miles wurdt oerbrocht nei in oar hûs, dêr't er yn 'e sel setten wurdt by Duv Galeni.
 
Galeni leit him út dat it brein efter it hiele plan syn al in fearnsieufearnsiuw lang deawaande heit Ser Galen is, in Komarraanske frijheidsstrider, dy't nei it delslaan fan 'e Komarraanske Opstân troch de Barrayarezen ûnderdûkt is en op it wetteleaze Jackson's Whole by Hûs Bharaputra de soan fan syn aartsfijân kloane litten hat. Hy wie der altiten fan útgien dat er syn eigen soan op elts momint wer oan him bine koe, mar dat is him raar ôffallen: Duv Galeni wol neat mear fan syn heit witte. It lek yn 'e ferbining mei Tau Cêti moat dan dus ynstee fan Galeni de koerier wol west hawwe. Mar dat is allegear wittenskip dêr't se, finzenen dat se binne, op it stuit net sa'n soad oan hawwe.
 
Einlings beslute de Komarranen om harren allebeide út 'e wei te romjen, mar ear't dat barre kin, wurde se rêden troch Elli Quinn en de Dendarii. Net om't dy de kloan trochhiene, mar om't Miles harren befel jûn hie om Duv Galeni op te spoaren; syn eigen befrijing komt foar Elli as in folsleine ferrassing. Miles en Galeni keare werom nei de ambassade, mar foar't se harren oppakke kinne, witte Galen en de kloan te ûntkommen. Dan keart einlik ek Elena Bothari Jesek werom fan Tau Cêti, mei de 18 miljoen mark en it bewiis dat de koerier mei de Komarranen ûnder ien tekken skûle, mar ek mei it Sektor II ''ImpSec''-haad, kolonel Destang, dy't wisberet is om sawol Galen as de kloan likwidearje te litten. Miles is it dêr net mei iens, om't syn kloan op it progressive Bêta Koloanje, de thúswrâld fan syn mem, as syn jongere broer beskôge wurde soe. Mar it slagget him net om it Destang te ûntpraten.