Elie Wiesel: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
Pierlala (oerlis | bydragen)
No edit summary
Rigel 13:
| taal = [[Frânsk]], [[Ingelsk]], [[Jiddysk]]
| sjenre = [[literatuer|lit.]] [[roman]]s, [[autobiografy|autobiografysk wurk]], <br>[[non-fiksje]], [[toanielstik|toaniel]], [[berneboek]]en
| perioade = [[20e ieuiuw]]
| streaming = [[Holokaust]]literatuer
| tema's = [[Holokaust]], [[oarlochsmisdie]]den
Rigel 26:
==Libben==
===Bernetiid en holokaust===
Wiesel waard berne yn it Transsylvaanske Sighet (hjoeddeiske namme: [[Sighetu Marmației]]), yn it distrikt [[Maramureş (distrikt)|Maramureş]], yn 'e [[Roemeenje|Roemeenske]] [[Karpaten]], as de soan fan Shlomo Wiesel en Sarah Feig, dat [[chassidysk joadendom|chassidyske]] Hongaarske joaden wiene. Syn heit, dy't him in sterk [[humanisme|humanistysk]] tinte libbensfisy bybrocht, wie winkelman, en syn mem, dy't him yn it joadske leauwe grutbrocht, wie húsfrou. Wiesel hie trije susters, twa dy't âlder as him wiene, Hilda en Beatrice, en ien jongeren, Tzipora. Yn 'e hûs sprieken de Wiesels meast [[Jiddysk]], mar ek wol [[Dútsk]], [[Hongaarsk]] en [[Roemeensk]], en yn 'e winkel waard ek wol [[Oekraynsk]], [[Roeteensk]] en [[Russysk]] brûkt, wylst de bern oantrune waarden om [[HebrieuskHebriuwsk]] te learen, dat hja de [[Torah]] lêze koene, dus Wiesel groeide meartalich op.
[[File:Buchenwald Slave Laborers Liberation.jpg|thumb|left|250px|[[Buchenwald]], [[1945]]. Wiesel befynt him yn 'e twadde rige fan ûnderen, en is de sânde fan lofts.]]
 
Rigel 32:
 
===Frankryk===
Nei de Twadde Wrâldoarloch kaam Wiesel in hoartsje yn in Frânsk weeshûs telâne, dêr't er wûnder boppe wûnder weriene waard mei syn susters Hilda en Beatrice, dy't de oarloch krekt as him oerlibbe hiene. Neitiid ûnderhold er him troch HebrieuskHebriuwsk te ûnderwizen en as koardirigint. Letter fûn er wurk as [[sjoernalist]] by de Frânske krante ''L'Arche''. Hy skreau ek foar oare Frânske en [[Israel]]yske kranten en foar it Jiddysktalige ''Tsien in Kamf''. Yn [[1948]] rekke er, yn 'e hoedanichheid fan [[oersetter]] nei it Jiddysk, belutsen by de [[terrorisme|terroristyske]] organisaasje [[Irgun]], dy't stribbe nei de fêstiging fan in joadske steat. In jier letter reizge er nei Israel ta as korrespondint foar ''L'Arche''. Dêr waard er nei ferrin fan tiid oannommen troch de Israelyske krant ''Yedioth Ahronoth'', as korrespondint yn [[Parys]].
 
Nei de oarloch wegere Wiesel mear as tsien jier lang om oer syn ûnderfinings yn 'e konsintraasjekampen te praten. Uteinlik wie it de Frânske winner fan 'e [[Nobelpriis foar de Literatuer]] [[François Mauriac]], mei wa't er yn [[1952]] befreone rekke, dy't him oerhelle om syn ferhaal op te skriuwen. Dat resultearre yn [[1956]] yn syn earste, Jiddysktalige, [[autobiografy]]ske boek ''Un di Velt Hot Geshvign'' ("En de Wrâld Swei"), dat publisearre waard yn [[Buenos Aires]]. Neitiid werskreau Wiesel dat ta in koartere ferzje yn it Frânsk, ûnder de titel ''[[La Nuit]]'' (''[[De Nacht (Wiesel)|De Nacht]]''), dy't yn [[1958]] útkaam. Sels mei de stipe fan Mauriac hie Wiesel noch muoite om der in [[útjouwer]] foar te finen, en it boek ferkocht yn 't earstoan min. Pas nei't de Ingelske oersetting (''Night'') yn [[1960]] op 'e merk kommen wie, en de media nei oanlieding dêrfan oandacht oan him skonken, begûnen syn boeken better de ferkeapjen. (Hjoed de dei is ''La Nuit'' oerset nei mear as 30 talen en om [[1997]] hinne waarden der allinne yn 'e Feriene Steaten al 300.000 eksimplaren jiers fan ferkocht.)
Rigel 95:
* 1973 [[Ofbyld:flag of France.svg|20px]] : ''[[Le Serment de Kolvillàg]]'' ([[roman]]; Frânsktalich)
** [[Ofbyld:Frisian flag.svg|20px]] Fryske oersetting: ''[[De Eed fan Kolvillàg]]'' (fert. Jacobus Knol, net útjûn)
* 1973 [[Ofbyld:flag of Israel.svg|20px]] : ''Ani Maamin'' ([[kantate]]; HebrieusktalichHebriuwsktalich)
* 1974 [[Ofbyld:flag of England.svg|20px]] : ''Zalmen, or The Madness of God'' ("Zalmen, of De Gekte fan God"; [[toanielstik]]; Ingelsktalich)
* 1979 [[Ofbyld:flag of France.svg|20px]] : ''[[Le Procès de Shamgorod]]'' (toanielstik; Frânsktalich)