Ertsberchtme: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
Werom sette fan ferzje 762269 fan Special:Contributions/Drewes (Meidogger_oerlis:Drewes)
Pierlala (oerlis | bydragen)
No edit summary
Rigel 2:
[[Ofbyld:Myslivny bozi dar lake.jpg|thumb|''Opslachmar yn it Ertsberchtme'']]
[[Ofbyld:Velky spicak gipfelkreuz.jpg|thumb|''De top fan Velky Spicak'']]
It '''Ertsberchtme''', ([[Dútsk]] ''Erzgebirge'', [[Tsjechysk]] ''Krušné hory'') is in berchtme yn [[Dútslân]] ([[Saksen (dielsteat)|Saksen]]) en [[Tsjechje]] dy't oer in langte fan 150 kilometer de grins tusken beide lannen foarmet. It hat syn namme te tankjen oan de rikens oan [[Erts (mineraal)|ertsen]] ([[sulver]] en [[Tin (elemint)|tin]]) dy't dêr ieuwenlangiuwenlang dold waarden.
 
De heechste piken komme foar yn it westpart fan it berchtme. De [[Klínovec]] (1244 m) is de heechste oan de Tsjechyske kant en de [[Fichtelberch (berch)|Fichtelberg]] (1214 m) is de heechste oan de Dútske side. Nei it westen ta giet it Ertsberchtme oer yn it folle legere [[Elsterberchtme]] en it [[Beieren|Beierske]] [[Fichtelberchtme]]. De eastlike fuortsetting fan it Ertsberchtme is it [[Elbsandsteinberchtme]] mei dêrefter de [[Sudeten]]. Rjochting noarden wurdt it Ertsberchtme leger; yn de hichten dêre lizze de stêden [[Zwickau (stêd)|Zwickau]] en [[Chemnitz]].