Ester (bibelboek): ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
ynfoboks, boarnen
Pierlala (oerlis | bydragen)
No edit summary
Rigel 6:
| oarspr. titel = אֶסְתֵר ("Esṯer")
| auteur = anonimus
| taal = [[HebrieuskHebriuwsk]]
| foarm = [[novelle]]
| sjenre = [[histoaryske roman|histoaryske fiksje]] (?)
| skreaun = [[4e ieuiuw f. Kr.|4e]] – [[3e ieuiuw f. Kr.|3e ieuiuw f.Kr.]]
| 1e publikaasje =
| 1e opfiering =
Rigel 26:
| ISBN oers. =
}}
'''''Ester''''', yn it oarspronklike [[HebrieuskHebriuwsk]]: '''אֶסְתֵר''', '''''Esṯer''''', is in boek yn sawol de [[joadendom|joadske]] as de [[kristendom|kristlike]] [[Bibel]]. Yn 'e joadske ''[[Tenach]]'' falt it ûnder de ''Ḵeṯuḇim'', de ''Geskriften'', en is it it 22ste boek (fan 24); yn it [[Alde Testamint]] fan 'e kristlike Bibel falt it ûnder de ''Skiednis'' en is it (neffens de [[Nije Fryske Bibeloersetting]] fan [[1978]]) it 17de boek (fan 39). Yn ''Ester'' wurdt it ferhaal fan 'e jonge [[Joaden|joadske]] faam mei deselde namme ferteld, dy't ûnder de [[Babyloanyske Ballingskip]] de earste frou en keninginne fan 'e [[Perzyske Ryk|Perzyske]] kening Ahasfearos wurdt en har folk fan 'e útroeging rêdt. De earste folsleine [[Frysk]]e oersetting fan ''Ester'' stie yn 'e fertaling fan it Alde Testamint fan dû. [[Geart Aeilco Wumkes]] en [[Eeltsje Boates Folkertsma]], dy't yn [[1943]] útkaam.
 
==Oarsprong en skriuwer==
Ornaris is men fan tinken dat ''Ester'' yn 'e trêde of fjirde ieuiuw f.Kr. ûntstien wêze moat. Neffens de joadske tradysje is it boek yn syn hjoeddeiske foarm in bewurking troch de [[Grutte Gearkomste]] (fan joadske wizen, dy't de ''Tenach'' gearstalde) fan in oarspronklike tekst dy't skreaun wêze soe troch [[Mordekai]], ien fan 'e haadrolspilers út it ferhaal. Dêrmei wurdt ûndersteld dat de tekst in werjefte fan histoaryske feiten is. Lykwols binne dêr nochal wat swierrichheden mei, net yn it lêste plak trochdat der yn it boek oantoanbere histoaryske ûnwierheden steane, bgl. wat de steatsopbou en it regearingsapparaat fan it Perzyske Ryk oanbelangje. De Perzyske kening Ahasfearos wurdt yn 'e regel identifisearre as [[Kserkses I]] (486-465 f.Kr.), al wol de iere [[Gryksk]]e bibeloersetting, de ''[[Septuaginta]]'', hawwe dat it [[Artakserkses II]] (405-359 f.Kr.) wie. Mar yn beide gefallen is de identifikaasje fan 'e oare haadpersoanen fan it Esterferhaal eins net goed te krijen. Dêrfandinne miene frijwat hjoeddeiske bibelwittenskippers en [[teolooch|teologen]] dat ''Ester'' gjin histoarysk ferslach mar in [[histoaryske roman|histoaryske]] [[novelle]] is, dy't sjoen wurde moat as in [[allegory|allegoaryske]] útlis fan 'e oarsprong fan it joadske [[Pûrim]]feest.
 
==Bysûnderheden==
Rigel 36:
*Njonken it ''[[Heechliet]]'' is ''Ester'' it iennichste bibelboek dat net eksplisyt oan [[God]] referearret.
 
*Yn 'e iere [[Gryksk]]e bibeloersetting, de ''Septuaginta'', binne seis ekstra haadstikken tusken de oarspronklike HebrieuskeHebriuwske tekst fan ''Ester'' yn set. De [[protestantisme|protestantske denominaasjes]] beskôgje dizze Grykske tafoegings as [[apokryf]], wylst de [[Roomsk-Katolike Tsjerke]] en de [[eastersk-otterdoksy|eastersk-otterdokse]] en [[oriïntaalsk-otterdoksy|oriïntaalsk-otterdokse]] tsjerken se as [[kanon]]yk erkenne. Sadwaande is it boek ''Ester'' yn 'e measte roomske en eastersk- en oriïntaalsk-otterdokse bibels in oersetting fan 'e folsleine tekst út 'e ''Septuaginta'', wylst de measte protestantske bibels inkeld de oersetting fan 'e HebrieuskeHebriuwske tekst oanhâlde. Yn 'e [[Nije Fryske Bibeloersetting]] fan [[1978]] wurdt ''Ester'' yn 'e oarspronklike foarm werjûn en steane de Grykske tafoegings fermeld by de apokrife boeken ûnder de titel ''[[Ester (Gryksk)]]''.
[[Ofbyld:012 lrg.jpg|thumb|left|300px|It ''Feest van Esther'', fan [[Jan Lievens]], út [[1625]].]]