Ester (Gryksk): ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
ynfoboks, boarnen
Pierlala (oerlis | bydragen)
No edit summary
Rigel 9:
| foarm = [[novelle]]
| sjenre = [[histoaryske roman|histoaryske fiksje]]
| skreaun = nei de [[3e ieuiuw f. Kr.|3e ieuiuw f.Kr.]]
| 1e publikaasje =
| 1e opfiering =
Rigel 26:
| ISBN oers. = 9 06 12 60 817
}}
'''''Ester (Gryksk)''''' is de oantsjutting foar de [[Gryksk]]talige tafoegings oan 'e oarspronklike [[HebrieuskHebriuwsk]]e tekst fan ''[[Ester]]'', in boek út sawol de [[joadendom|joadske]] as de [[kristendom|kristlike]] [[Bibel]]. Yn 'e joadske ''[[Tenach]]'' en yn it [[Alde Testamint]] fan 'e Bibel sa't dat yn gebrûk is ûnder de [[protestantisme|protestantske denominaasjes]] stiet inkeld de oarspronklike tekst werjûn, mei't de Grykske tafoegings as [[apokryf]] beskôge wurde. De [[Roomsk-Katolike Tsjerke]] en de [[eastersk-otterdoksy|eastersk-otterdokse]] en [[oriïntaalsk-otterdoksy|oriïntaalsk-otterdokse]] tsjerken erkenne se lykwols àl as [[kanon]]yk, en de measte roomske en eastersk- en oriïntaalsk-otterdokse bibels hâlde dêrom de gearstalling fan 'e ''[[Septuaginta]]'', in iere Grykske bibeloersetting, oan, wat betsjut dat der seis ekstra haadstikken yn 'e oarspronklike tekst fan ''Ester'' ynfoege binne. Yn 'e [[Nije Fryske Bibeloersetting]] fan [[1978]] wurdt ''Ester'' yn 'e oarspronklike foarm werjûn en steane de Grykske tafoegings fermeld by de apokrife boeken ûnder de titel ''Ester (Gryksk)''.
 
==Oarsprong==
De Grykske tafoegings fan ''Ester'' kinne datearre wurde yn 'e lette twadde ieuiuw of de iere earste ieuiuw f.Kr. (wylst de HebrieuskeHebriuwske haadtekst fan ''Ester'' yn 'e trêde of fjirde ieuiuw f.Kr. ûntstien wêze moat). Men moat begripe dat it Esterferhaal út 'e ''Septuaginta'' net sasear in oersetting út it HebrieuskHebriuwsk is, as wol in bewurking fan 'e oarspronklike tekst. Dêrby wurde frijwat mear histoaryske details jûn, lykas de identifikaasje fan 'e [[Perzyske Ryk|Perzyske]] kening Ahasfearos, ien fan 'e wichtichste personaazjes yn ''Ester'', as [[Artakserkses II]] (405-359 f.Kr.). De betrouberens fan 'e tafoegings lit lykwols te winskjen oer, mei't Ahasfearos nei alle gedachten lykslein wurde moat mei [[Kserkses I]] (486-465 f.Kr.).
 
De fraach oft de Grykske tafoegings no al of net kanonyk binne, hat yn 'e tsjerkskiednis ta in aldertigenste strideraasje laat. [[Marten Luther]], dy't it fan alle foaroanmannen fan 'e [[Reformaasje]] nei gedachten it fûleindichste tsjin 'e tafoegings yn 'e kant sette, beskôge sels de oarspronklike HebrieuskeHebriuwske tekst fan ''Ester'' as fan twifelich alloai. Syn beswieren tsjin it boek giene lykwols de wittenskiplike krityk foarby om op it persoanlike flak te bedarjen. Dêrút soe Luther syn bewearde [[antysemitisme]] sprekke kinne, al hawwe guon biografen fan 'e man útholden dat er de [[Joaden]] net bestried om't er op harren ras tsjin wie, mar om't er ûnoerkomlike beswieren tsjin harren [[teology]] hie. Op it [[Konsylje fan Trinte]], de gearkomste dêr't de lieders fan 'e Roomsk-Katolike Tsjerke de [[Kontrareformaasje]] bepankoekbakten, waard kedize dat sawol de HebrieuskeHebriuwske tekst as de Grykske tafoeging kanonyk wiene, al erkenne roomske bibelwittenskippers en teologen hjoed de dei iepentlik dat tafoegings dúdlik lettere ynslûpsels binne.
 
==Ynhâld==