Fulgata: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
Dexbot (oerlis | bydragen)
L Removing Link FA template (handled by wikidata)
Pierlala (oerlis | bydragen)
No edit summary
Rigel 1:
[[Ofbyld:Vulgata.jpg|thumb|''Vulgata Sixtina'']]
[[Ofbyld:Prologus Ioanni Vulgata Clementina.jpg|thumb|Prolooch fan it [[Evangeelje fan Jehannes]], ''Clementina Vulgats'', edysje 1922]]
De '''Fulgata''' of '''Fulgaat''' (''Editio Vulgata'') is in wichtige [[Bibel|bibeloersetting]] yn it [[Latyn]]. It is troch [[Hiëronymus fan Stridon|Hiëronymus]] makke yn opdracht fan [[Paus Damasus I|paus Damasus]] en dien tusken [[390]] en [[405]] nei Kristus. De Fulgata tanket syn namme oan de útdrukking ''versio vulgata'' ('folksk Latyn') en wie yn it sljochtweihinne Latyn skreaun (''sermo humilis''). It ferskil tusken it elegante [[Marcus Tullius Cicero|Ciceroniaanske]] of literêre Latyn dêr't Hiëronymus in master yn wie en it ienfâldige folkske Latyn is grut. De Fulgata waard makke om in akkurate en ienfâldich te begripen ferzje te krijen as eardere oersettings, de Ald Latynske oersettingen of ''"Vetus Latina"''. It wie de earste en hat ieuwenlangiuwenlang de ienige kristlike Bibeloersetting west dêr't de oersetting fan it [[Alde Testamint]] streekrjocht út it oarspronklike HebrieuskHebriuwsk kaam ynstee fan út it de Grykske [[Septuaginta]].
 
De Fulgata hat fan grutte ynfloed west op de kultuer, de keunst en it libben yn de MidsieuwenMidsiuwen. Troch de "Tsjustere MidsieuwenMidsiuwen" hinne en letter yn de Renêssânse en Reformaasje, stie Hiëronymus' monumintale wurk as in lêste steunpylder fan de Romeinske gloarje en wie de hoekstien fan de Westerske tsjerken yn harren stribjen nei in feriene Jeropa troch it katolike leauwen. Oer in tiidrek fan mear as tûzen jierren (400 - 1530) tsjinne it as ynspiraasjeboarne foar talrike skilderijen en lieten. Eardere besikings om de bibel nei folkstalen oer te setten waard dien op basis fan de Fulgata omdat dy beskôge waard as ûnfeilber en troch God ynspireare.
 
Sûnt [[1546]] oanfurdige it [[Fatikaanstêd|Fatikaan]] op it [[Konsily fan Trente]] allinnich de Fulgata ferzje as gesachhawwend, mei it gefolch dat alle katolike oersettings fan de Bibel, bassearre op de grûntalen en modern wittenskiplik ûndersyk, wachtsje moasten oant nei de [[ensyklyk]] ''[[Divino Afflante Spiritu]]'' (1943).