Haadmenu iepenje

Changes

no edit summary
| oarspr. titel = חבקוק ("Ḥaḇakuk")
| auteur = [[Habakuk (profeet)|Habakuk]] (?)
| taal = [[HebrieuskHebriuwsk]]
| foarm = [[non-fiksje]]
| sjenre = [[religy|religiosa]]
| skreaun = 7e ieuiuw f.Kr.
| 1e publikaasje =
| 1e opfiering =
| ISBN oers. =
}}
'''''Habakuk''''', yn it oarspronklike [[HebrieuskHebriuwsk]]: '''חבקוק''', '''''Ḥaḇakuk''''', is in tekst út sawol de [[joadendom|joadske]] as de [[kristendom|kristlike]] [[Bibel]]. Yn 'e joadske ''[[Tenach]]'' makket it ûnderdiel út fan it boek תרי עשר, ''[[Lytse Profeten|Ṯrei Asar]]'', dat "De Tolve" betsjut (t.w. de tolve lytse profeten, dy't yn 'e joadske Bibel gearboske binne ta ien inkeld boek), it 13de fan 24, dat dan wer ûnder de ''Neḇi'im Aḥaronim'' (de "Lettere Profeten") falt. Yn it [[Alde Testamint]] fan 'e kristlike Bibel foarmet ''Habakuk'' in bibelboek op himsels, it 35ste fan 39 (neffens de [[Nije Fryske Bibeloersetting]] fan [[1978]]), dat yn 'e offisjeuze ûnderferdieling fan 'e bibelboeken ta de ''[[Lytse Profeten]]'' heart (dy't sa neamd wurde om't dy teksten frij koart binne yn ferhâlding ta de saneamde ''[[Grutte Profeten]]'').
 
It boek ''Habakuk'' omfettet de [[profesije]]n dy't taskreaun wurde oan 'e [[profeet]] [[Habakuk (profeet)|Habakuk]], oer wa't frijwol neat mei wissichheid te sizzen is, mei't er fierders inkeld yn it ferhaal ''[[Bel en de Draak]]'', in [[Taheakken op it Boek Daniël|taheakke]] op it boek ''[[Daniël]]'', neamd wurdt. Neffens de joadske tradysje is hy deselde as de soan fan 'e Sjûnnemityske frou, dy't yn ''[[2 Keningen]]'' 4:16 troch de profeet [[Eliza (profeet)|Eliza]] wer ta libben brocht wurdt. Mar op grûn fan 'e tekst fan it boek ''Habakuk'', dêr't de opkomst fan it [[Nijbabyloanyske Ryk]] yn beskreaun wurdt (''Hab.'' 1:6-11), kin fêststeld wurde dat de skriuwer dêrfan, oft dat no Habakuk wie of net, yn elts gefal folle letter libbe, yn 'e midden of de lêste helte fan 'e sânde ieuiuw f.Kr. De âldst oerlevere ferzje fan it boek ''Habakuk'' heart ta de ''[[Deade-Seerôlen]]'' en wie dêr tafoege oan it [[apokryf|apokrife]] ''[[Kommentaar op Habakuk]]''. De earste folsleine [[Frysk]]e oersetting fan ''Habakuk'' stie yn 'e fertaling fan it Alde Testamint, fan dû. [[Geart Aeilco Wumkes]] en [[Eeltsje Boates Folkertsma]], dy't yn [[1943]] útkaam.
 
==Ynhâld==
17.651

edits