Iepenbiering fan Jehannes: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
Dexbot (oerlis | bydragen)
L Removing Link GA template (handled by wikidata)
Pierlala (oerlis | bydragen)
No edit summary
Rigel 35:
 
== Ynhâld ==
De ''Iepenbiering fan Jehannes'' wurdt gauris útlein as in sekuere foarsizzing fan 'e takomst, mar wie eins mear in treastboek foar de kristenen dy't yn 'e earste ieuiuw slim te lijen hiene ûnder ferfolgings. Yn bylden dy't grutdiels ûntliend binne oan it [[Alde Testamint]] (fral oan ''[[Daniël]]'' en ''[[Ezechiël]]'', mar ek wol oan ''[[Jesaja]]'', de ''[[Psalmen]]'' en oare boeken) skilderet Jehannes de takomst fan wrâld en tsjerke. Koartsein is syn boadskip dat al hoe machtich oft de krêften fan it kwea ek binne, dochs sille se by einsluten alhiel ferdylge wurde troch "it Laam" ([[Jezus Kristus]]). Dêrnei, op 'e Einichste Dei, sil it definitive oardiel oer alle minsken útsprutsen wurde; dan sille de goeden op 'e nij libje, wylst de kweaden folslein fuortreage wurde sille ta ivige tramtaasje. Dêrop sil it nije keninkryk fan [[God]] begjinne.
 
''Iepenbiering'' is in tige dreech en ûntagonklik boek, dêr't profetyske útspraken yn dien wurde oangeande de takomst dy't foar mearderlei útlis fetber binne. Sa hawwe de earste-ieuskeiuwske kristenen yn "it beest" (''Iep.'' 13:11-18) grif de [[Romeinske Ryk|Romeinske]] keizer [[Nearo]] sjoen. Lettere leauwenden seagen der ûnderskate sultans fan it [[Osmaanske Ryk]] yn, of [[Napoleon]], of [[Hitler]], of, as men in fûleindige [[protestantisme|protestant]] wie, de paus fan [[Rome]]. Lykwols is it dúdlik dat Jehannes mei syn boek mear doeld hat op 'e politike tastannen en maatskiplike swierrichheden fan syn eigen tiid as dat er mei sin de takomst beskreau.
 
== Fryske oersetting ==