Kansas City (Missoery): ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
Pierlala (oerlis | bydragen)
No edit summary
Rigel 29:
Hoewol't de steat Missoury fanwegen syn [[slavernij|slavehâldende]] status ornaris ta it [[Amerikaanske Suden]] rekkene waard, krige it de kâns net om him yn 'e [[Amerikaanske Boargeroarloch]] by de Súdlike [[Konfederearre Steaten fan Amearika|Konfederaasje]] oan te sluten, om't it oan it begjin fan 'e oarloch, yn [[1861]], beset waard troch Noardlike troepen. Dat late ta in eksplosive sitewaasje, mei't de measte ynwenners dat beskôgen as in oerhearsking troch de fijân. Guon fan 'e bloedichste en fûleindichste gefjochten fan 'e oarloch fûnen sadwaande plak yn Missoury, dêr't in soartemint [[guerylja-oarloch]] ûntstie tusken de ûngeregelde formaasjes fan 'e saneamde ''[[Jayhawkers]]'' út Kansas, dy't foar it Noarden fochten, en de ''[[Bushwackers]]'' út Missoury, dy't oan 'e kant fan it Suden stiene. Troch de geografyske posysje fan Kansas City, pal oan 'e grins mei de steat [[Kansas]], lei dat middenyn it gebiet dêr't sokke gefjochten it slimst wiene. Boppedat fûnen der yn 'e omkriten fan 'e stêd ek ferskate fjildslaggen plak tusken geregelde Noardlike en Súdlike legers, lykas de [[Earste Slach by Independence]], yn [[1862]], de [[Twadde Slach by Independence]], yn [[1864]], en de [[Slach by Westport]], datselde jiers.
 
Nei ôfrin fan 'e Boargeroarloch woeks Kansas City fluch ta, wat foar in grut part te tankjen wie oan 'e brêge oer de Missoury, dy't dêr yn [[1869]] oanlein waard. De befolkingsgroei wie sa sterk, dat Kansas yn [[1889]] syn namme feroare yn Kansas City. Westport waard yn [[1897]] troch de stêd opslokt. Tsjin 'e ieuwikseliuwwiksel hie Kansas City krapoan 165.000 ynwenners.
 
Oan it begjin fan 'e [[tweintichste ieuiuw]] strieden ferskate trochkorrupte politike klibers om 'e macht yn 'e stêd. De kliber fan [[Tom Pendergast]] wûn úteinlik healwei de tweintiger jierren, en regearre Kansas City sa'n fyftjin jier, oant Pendergast yn [[1939]] skuld bekenne moast foar [[belestingûntdûking]]. Nei de [[Twadde Wrâldoarloch]] ferlieten in protte begoedige ynwenners de binnenstêd fan Kansas City om har nei wenjen te setten yn 'e bûtenwiken en fral yn 'e foarstêden. Yn 'e binnenstêd bleaune de earmere lagen fan 'e befolking oer. In grut part dêrfan bestie út [[Afro-Amerikanen]], dy't yn [[1950]] 12,2% fan 'e totale stedsbefolking útmakken. Yn 'e sechstiger jierren fûnen der ferskate slimme [[ras (klassifikaasje fan minsken)|rasse-opskuorren]] yn Kansas City plak, wêrfan't de ferheftichste de [[Opskuor fan Kansas City (1968)|Opskuor fan Kansas City fan 1968]] wie, dy't yn hege mjitte in gefolch wie fan 'e moard op [[Martin Luther King]], dat jiers. Wylst de stêd almar trochgroeide, rekken de âlde wiken fan 'e binnenstêd ferpaupere. Yn [[1940]] hie Kansas City 400.000 ynwenners; yn [[2000]] libben der yn itselde gebiet noch mar 180.000 minsken (de rest wie nei de nije bûtenwiken gien). Tusken [[1940]] en [[1960]] ferdûbele de stêd yn grutte, mar wûn it kwa ynwenners mar sa'n 75.000 man oan. Tsjin [[1970]] hie Kansas City in oerflak fan likernôch 820 km² krigen, wat mear as fiif kear safolle wie as dat it yn [[1940]] hân hie.
 
==Klimaat==