Minneapolis: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
→‎Minneapolis hjoed de dei: yndieling in bytsje oanpast
Pierlala (oerlis | bydragen)
No edit summary
Rigel 30:
Minneapolis waard yn [[1856]] stifte mei goedkarring fan it doetiidske territoriale parlemint fan Minnesota, op lân dat foartiid fan 'e [[Dakota (folk)|Dakota]]-[[Yndianen]] west hie en dat dy ûnder twang oan 'e Amerikaanske steat ferkeapje moatten hiene. De namme fan Minneapolis is ôflaat fan it wurd ''minnehaha'', út it [[Dakota (taal)|Dakota]], dat "wetterfal" betsjut, kombinearre mei it [[Gryksk]]e wurd ''polis'' ("stêd"). Yn [[1867]] krige Minneapolis de status fan [[stêd]]. Yn [[1872]] kaam Sint-Anthony, op 'e eastigge, by Minneapolis te hearren.
 
Minneapolis ûntjoech him om 'e [[Sint-Antoniuswetterfal]] hinne, dat de heechste [[wetterfal]] yn it streamgebiet fan 'e Mississippy is. Hoewol't Minneapolis fier fan it iennichste plak wie dêr't [[wetterkrêft]] brûkt waard om mûnen oan te driuwen, wiene de omstannichheden by Minneapolis bûtengewoan geunstich. Fral tusken [[1880]] en [[1930]] florearre de stêd fanwegen syn wetterkrêft. Yn 't earstoan waard dy benammentlik brûkt foar houtseagerijen, mar al gau kamen dêr nôtmûnen by en ûntjoech Minneapolis him ta in sintrum fan nôtmûnderij dêr't boeren fan oer it hiele gebiet fan 'e [[Grutte Flakten (Noard-Amearika)|Grutte Flakten]] harren [[nôt]] hinne stjoerden. Yn it lêste trêdepart fan 'e [[njoggentjinde ieuiuw]] wie Minneapolis de bestimming fan in grut tal ymmigranten út [[Jeropa]] wei. Benammen in protte [[Sweden (folk)|Sweden]] setten harren yn 'e stêd nei wenjen; dêrfandinne dat it Amerikaansk-Sweedsk Ynstitút ek yn Minneapolis fêstige is.
 
Minneapolis hat neffens Amerikaanske mjitstêven altiten al in foarútstribjende stêd west, dy't al yn [[1886]] de earste maatregels naam om [[diskriminaasje]] op grûn fan [[ras (minsken)|ras]] tsjin te gean. Yn 'e krisisjierren bewurkmastere [[minskerjochten|minskerjochte-aktivist]] en boargemaster [[Hubert Humphrey]], nei de gewelddiedige [[Minneapolitaanske Fakbûnsstaking fan 1934]], dat der yn 'e stêd in earlike arbeidswetjouwing fan krêft waard. Minneapolis fersette him tsjin 'e [[apartheid]]spraktiken fan it [[Amerikaanske Suden]] en sette him aktyf yn foar [[desegregaasje]] en foar de [[swarte boargerrjochtebeweging (Feriene Steaten)|swarte boargerrjochtebeweging]]. Yn [[1968]] wie de stêd it berteplak fan 'e ''[[American Indian Movement]]'', in organisaasje dy't him ynset foar de rjochten fan 'e lânseigen (Yndiaanske) befolking. Oant [[1950]] hie Minneapolis wol te krijen mei in slimmen [[antysemitisme|joadehaat]], dy't fan oerheidwegen wol oanpakt waard, mar mei beheind súkses.