Nebûkadnêzer II: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
L red
Pierlala (oerlis | bydragen)
No edit summary
Rigel 15:
| opfolger1 = [[Amel-Mardûk]]
}}
'''Nebûkadnêzer II''' ([[Akkadysk]]: Nabû-kudurri-uṣur; [[Arameesk]]: ܢܵܒܘܼ ܟܘܼܕܘܼܪܝܼ ܐܘܼܨܘܼܪ, Nebu Kuduri ’Usur; [[HebrieuskHebriuwsk]]: נְבוּכַדְנֶצַּר, Něḇūḵaḏneṣṣar; [[Aldgryksk]]: Ναβουχοδονόσωρ, Nabouchodonosōr; [[Arabysk]]: نِبُوخَذنِصَّر, Nibūḫaḏniṣṣar; ±634 – 562 f.Kr.) wie in kening fan it [[Nijbabyloanyske Ryk]], dy't regearre fan likernôch 605 f.Kr. oant syn dea yn 562 f.Kr. Neffens de [[Bibel]] wie hy it dy't it keninkryk [[Juda (keninkryk)|Juda]] ferovere, [[Jeruzalim]] mei de grûn lyk makke en de [[Joaden]] yn ballingskip fuortfierde. Oan him wurdt sawol de oanlis fan 'e ferneamde [[Hingjende Tunen fan Babylon]] as de ferwuostging fan 'e [[Earste Timpel]] fan Jeruzalim taskreaun. Syn namme (ek wol stavere as Nebûkadnêzar, Nebûkadnessar of Nebûkadnesser) betsjut yn it [[Akkadysk]], de [[taal]] fan 'e [[Babyloaniërs]]: "O Nabû, hoedzje myn earstberne soan" (Nabû wie de [[Babyloanyske mytology|Babyloanyske god]] fan 'e wiisheid).
 
==Jonkheid==
Nebûkadnêzer wie de âldste soan en erfgenamt fan [[Nabopolassar]], dy't de Babyloaniërs befrijde fan trije ieuweniuwen fan [[Alde Assyriërs|Assyryske]] oerhearsking, troch yn gearwurking mei de [[Meden]], [[Perzen]], [[Skyten]] en [[Kimmeariërs]] it [[Assyryske Ryk]] ûnder fuotten heljen fan en de Assyryske haadstêd [[Ninevé]] te ferwuostgjen. Nabopolassar woe nei syn oerwinning gjin tiid ferlieze om ek de westlike Assyryske provinsjes by syn ryk te foegjen, mar hy koe sels min mist wurde yn [[Mesopotaamje]], dat sadwaande stjoerde er syn soan Nebûkadnêzer mei in leger westoan. Yn 'e [[Slach by Karkemisj]], yn 605 f.Kr., fersloech dy de restanten fan 'e Assyryske legers en harren bûnsgenoaten, de Egyptners, en brocht dêrmei [[Aram]] ([[Syrje]]), [[Fenysje]] ([[Libanon]]) en it âlde keninkryk [[Israel (keninkryk)|Israel]] ûnder Babyloanysk bewâld. Nabopolassar kaam yn augustus fan datseldichste jier te ferstjerren, en Nebûkadnêzer kearde werom nei [[Babylon]] om ta kening kroane te wurden.
 
==Regear==