Prins Valiant: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
L The file Image:1969ComicArtCon_book.jpg has been removed, as it has been deleted by commons:User:Fastily: ''Copyright violation: If you are the copyright holder/author and/or have authorization to publish the fil...
Pierlala (oerlis | bydragen)
No edit summary
Rigel 24:
 
== Algemene typering ==
De Prins Valiant-tekenteltsjes stean bekend as in goed dokumintearre en detaillearre striprige, mar it rint oer fan [[anagronisme]]n. Valiant is by ferskillende histoaryske foarfallen yn Jeropa belutsen: hy is tsjûge fan de ûndergong fan it [[Romeinske Ryk]] as de haadstêd [[Rome (stêd)|Rome]] yn [[410]] troch de [[Fisigoaten]] oermastere wurdt, hy lânet mei syn striidkameraden, dy't meastentiids byfigueren binne, op de eastkust fan Noard-Amearika en de westkust fan Afrika, sy de skrik fan harren belibje as sy gorilla's en oaljefanten sjogge. Ek it Hillige Lân wurdt oandien, dêr't hy by [[krústochten|krúsfardereftige]] gefjochten (12e en 13e ieuiuw) belutsen rekket. In protte persoanen en foarfallen ([[Kening Arthur]], de fal fan it [[Romeinske Ryk]], de [[Hunnen]]) dogge tinke dat it ferhaal him yn de [[5e ieuiuw]] ôfspilet; dat is in goeie kar foar in aventurenstrip, want op dat stuit wie Jeropa in gaos nei de fal fan it [[West-Romeinske Ryk]] en it begjin fan it [[Grutte Folkeferfarren]]. Lykwols komme der ek [[Wytsingen]] yn foar, dy't pas sûnt [[9e ieuiuw]] yn de skiednis komme. De wapenrissings en kastielen komme út de [[Lette MidsieuwenMidsiuwen]]. In inkele kear komt Valiant in [[algemie|algemist]], dy't by fersin it [[buskrûd]] útfynt. Ek moat Valiant oer in ûnbidige kennis fan talen beskikke, want hy kin oeral yn Jeropa en sels dêrbûten met elkenien praten. Allinnich yn Noard-Amearika moat hy by de Yndianen earst mei meneuvele dúdlik meitsje wat er wol.
 
De [[humor]] wurdt faaks net as sterkste punt fan de strip beskôge, lykwols is de relaasje fan Valiant mei Helena út en troch komysk.De ferhalen binne yn it generaal spannend en romantysk. De gefjochten, de grutte fjildslaggen likegoed as de yndividuele swurdgefjochten, wurde meastentiids kreas stilearre en goreografysk yn byld brocht. Benammen yn de earste ôfleveringen komme in protte mearkeseftige eleminten foar, lykas in wiersizzende tsjoenster, tsjoenderskeunsten fan legindaryske figueren as [[Merlyn (mytology)|Merlyn]], [[Morgan le Fay]] en frjemde mûnsters.