Readkapke: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
ynfoboks
Pierlala (oerlis | bydragen)
No edit summary
Rigel 26:
| ISBN oers. = 9 06 27 32 321
}}
'''''Readkapke''''', yn it oarspronklike [[Frânsk]]: '''''Le Petit Chaperon Rouge''''' en [[Dútsk]]: '''''Rotkäppchen''''' ([[Nederlânsk]]: ''Roodkapje''; [[Ingelsk]]: ''Little Red Riding Hood''), is in ieuwenâldiuwenâld [[mearke]] dat û.m. optekene is troch [[Charles Perrault]] yn syn ''Contes de Ma Mère l'Oye'' ("Ferhalen fan Us Mem de Goes") en de [[bruorren Grimm]] yn harren ''Kinder- und Hausmärchen'' ("Berne- en Hûsmearkes"). Der is in ferskaat oan foarmen fan bekend, mar dy binne langer allegear ferkrongen troch de ferzje fan 'e bruorren Grimm, dy't wrâldferneamd wurden is. Yn [[1983]] is it mearke troch [[Jant Visser-Bakker]] oerset yn it [[Frysk]] as ûnderdiel fan 'e samling ''De Moaiste Mearkes 1'', neffens de útjefte ''Die Schönsten Märchen der Brüder Grimm'' (dat in oanpassing fan 'e oarspronklike tekst nei modern [[Dútsk]] ta is troch [[Margrit Weber]]). Yn [[2012]] is ''Readkapke'' op 'e nij oerset nei it Frysk troch [[Anne Tjerk Popkema]], as ûnderdiel fan 'e samling ''[[Mearkes fan Grimm]]''.
 
==Ynhâld==
Rigel 39:
 
===Ierste ferzjes===
It mearke ''Readkapke'' bestiet yn elts gefal al fan 'e tsiende ieuiuw ôf, doe't it troch de [[Frankryk|Frânske]] boerebefolking ferteld waard. Yn [[Itaalje]] wie it teminsten al bekend fan 'e fjirtjinde ieuiuw ôf. Guon eleminten lykje noch folle âlder te wêzen, lykas it petear tusken Readkapke en de wolf (''"Heden, wat beppe grutte earen!" - "Sa kin ik dy better hearre"'', ensfh.), wêrfan't in parallelle foarm bekend is út 'e [[Aldiislânsk]]e ''[[Þrymskviða]]''. Yn dy [[sêge]] hat de [[reus (mytysk wêzen)|reus]] [[Þrymr]] [[Mjöllnir]], de ûnmisbere hammer fan 'e god [[Thor]], stellen en easket er dat de goadinne [[Freya]] him ta breid jûn wurdt yn ruil foar de weromjefte derfan. Ynstee fan oan syn eask te foldwaan, ferklaaie de goaden Thor as in jongfaam mei in wale foar en stjoere se him mei de slûchslimme god [[Loki]] dat út om 'e hammer werom te stellen. As de reuzen Thor syn no net daliks dameseftige blik, ytgedrach en manear fan drinken opmerke, wit Loki harren eltse kear wer del te bêdzjen troch út te lizzen dan Freya al yn gjin dagen sliept, iten of dronken hat om't se sa útseach nei de brulloft.
 
De ierst bekende ferzjes fan ''Readkapke'' wike gâns ôf fan it moderne Grimm-mearke en binne yn 'e regel folle bluodderiger en grousumer. De smjunt is net altiten in wolf, mar ek gauris in boaze reus of in [[wearwolf]]. Dy lit dan faak it bloed en fleis fan beppe troch Readkapke opite, sadat it fanke har sûnder erch skuldich makket oan [[kannibalisme]]. Fierders freget de wolf/reus/wearwolf Readkapke gauris om har út te klaaien en de klean yn it hurdfjoer te smiten. Yn guon ferzjes fret de wolf it famke op as se by him op bêd krûpt en einiget dan sûnder ''happy end''. Yn oare ferzjes trochsjocht se krekt op 'e tiid syn momkape en wynt har der foar wei troch te sizzen dat se nei it húske moat. De smjunt lit har dan mei tsjinnichheid gean, mar bynt har in stik tou om it ankel of de pols of de mul, sadat se net fier komme kin. It famke bynt har ein fan fan it tou dan lykwols om wat oars hinne en naait dochs út. Yn dy ferzje ûntsnapt se dus sûnder help fan in folwoeksene.