Sacharja (bibelboek): ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
Shakko (oerlis | bydragen)
Pierlala (oerlis | bydragen)
No edit summary
Rigel 6:
| oarspr. titel = זכריה ("Zeḵaryah")
| auteur = [[Sacharja (profeet)|Sacharja]] e.o.
| taal = [[HebrieuskHebriuwsk]]
| foarm = [[non-fiksje]]
| sjenre = [[religy|religiosa]]
Rigel 26:
| ISBN oers. =
}}
'''''Sacharja''''', yn it oarspronklike [[HebrieuskHebriuwsk]]: '''זכריה''', '''''Zeḵaryah''''', is in tekst út sawol de [[joadendom|joadske]] as de [[kristendom|kristlike]] [[Bibel]]. Yn 'e joadske ''[[Tenach]]'' makket it ûnderdiel út fan it boek תרי עשר, ''[[Lytse Profeten|Ṯrei Asar]]'', dat "De Tolve" betsjut (t.w. de tolve lytse profeten, dy't yn 'e joadske Bibel gearboske binne ta ien inkeld boek), it 13de fan 24, dat dan wer ûnder de ''Neḇi'im Aḥaronim'' (de "Lettere Profeten") falt. Yn it [[Alde Testamint]] fan 'e kristlike Bibel foarmet ''Sacharja'' in bibelboek op himsels, it 38ste fan 39 (neffens de [[Nije Fryske Bibeloersetting]] fan [[1978]]), dat yn 'e offisjeuze ûnderferdieling fan 'e bibelboeken ta de ''[[Lytse Profeten]]'' heart (dy't sa neamd wurde om't dy teksten frij koart binne yn ferhâlding ta de saneamde ''[[Grutte Profeten]]''). De earste folsleine [[Frysk]]e oersetting fan ''Sacharja'' stie yn 'e fertaling fan it Alde Testamint, fan dû. [[Geart Aeilco Wumkes]] en [[Eeltsje Boates Folkertsma]], dy't yn [[1943]] útkaam.
 
==Skriuwer en oarsprong==
It boek ''Sacharja'' hjit de [[profesije]]n te omfetsjen fan 'e [[profeet]] [[Sacharja (profeet)|Sacharja]], ''"de soan fan Berekja, de soan Iddo"'' (Sach. 1:1), oer wa't fierders net folle bekend is, al binne in protte bibelwittenskippers en [[teolooch|teologen]] op grûn fan 'e wiidweidige oandacht dy't er skinkt oan alles dat mei it preesterskip te krijen hat, fan tinken dat er nei alle gedachten sels ek in preester wie. Yn elts gefal stamme er út in preesterlik laach, sa't fernijd wurdt yn ''[[Nehemia]]'' 12:16. Sacharja wie tige sekuer yn it datearjen fan syn profesijen (te witten: 520-518 f.Kr.). Hy wurke nei de ein fan 'e [[Babyloanyske Ballingskip]], yn 538 f.Kr., mar foàr de weropbou fan 'e [[Timpel fan Jeruzalim]]. Sa't bliken docht út ''[[Ezra (bibelboek)|Ezra]]'' 5:1 en 6:14 arbeide er by ferskate gelegenheden op mei de profeet [[Haggai (profeet)|Haggai]].
 
Hoewol't guon moderne bibelwittenskippers noch altiten úthâlde dat it boek ''Sacharja'' troch ien en deselde persoan skreaun is, binne de measten fan miening dat der teminsten twa [[skriuwer]]s oer gear west hawwe. Dêrby wurdt ''Sach.'' 1-8, dat ek wol ''1 Sacharja'' neamd wurdt, taskreaun oan 'e profeet Sacharja sels, wylst ''Sach.'' 9-14, oftewol ''2 Sacharja'' of ''Deutero-Sacharja'' wierskynlik yn 'e (iere) fyfde ieuiuw f.Kr. datearre wurde moat, en mooglik in tafoeging is fan ien of mear learlingen fan Sacharja. Guon saakkundigen diele de tekst noch fierder op yn ''2 Sacharja'' (''Sach.'' 9-11) en ''3 Sacharja'' (''Sach.'' 12-14), mei't elts fan dy beide dielen begjint mei it opskrift: ''"In útspraak, in wurd fan 'e Heare"''.
[[File:Пророк Захария (Кижи).jpg|thumb|left|230px|In [[Russysk-Otterdokse Tsjerke|Russysk-otterdokse]] [[ikoan]] fan 'e [[profeet]] [[Sacharja (profeet)|Sacharja]].]]