Septuaginta: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
kt
Pierlala (oerlis | bydragen)
No edit summary
Rigel 5:
== De Namme en it ûntstean fan de Septuagint==
'''Septuagint''' of '''Septuaginta''' ([[Latyn]]: ‘santich’, ôfkoarting fan ''interpretatio septuaginta virorum'', [[Koinè|Gryksk]]: η μετάφραση των εβδομήκοντα, "oersetting fan de santich manlju"; ynstee fan ''virorum'' wurdt ek ''seniorum'' ('âlderein') of ''interpretum'' ('oersetters') brûkt).
Neffens de oerlevering waard de [[HebrieuskeHebriuwske Bibel]] yn it Gryksk oersetten troch 70 (neffens oare boarnen 72) oersetters dy't, hoewol ûnôfhinklik fan elkoar wurkjend, op bjusterbaarlike wize allegear deselde oersettings makken.
 
De oersetting wie ynearsten bedoeld foar de grutte kloft Gryksktalige [[joaden]] yn [[Alexandria et Aegyptus|Egypte]]. Hja brûkten it [[HebrieuskHebriuwsk]] nammentlik net langer mear as harren memmetaal.
 
== Joadske fisy ==
De orizjinele rabbynske Septuagint befettet neffens Joadske boarnen allinnich de earste fiif boeken fan Mozes, ([[Genesis (boek)|Genesis]], [[Eksodus (boek)|Eksodus]], [[Levitikus]], [[Numery]] en [[Deuteronomium]]), wylst de kristlike boarnen sizze dat de rabbinen de Tenach folslein yn it Gryksk oersetten hawwe. Ûnderwilens hawwe deselde 72 rabbinen yn Talmoedtraktaat Megilla 9a en 9b fermeld dat fyftsien passaazjes fan harren Septuagint-oersetting ien op ien njonken de orizjinele HebrieuskeHebriuwske fersy lein wurden kinne.
 
Nei in net slagge besiking 61 jier earder, om de [[Thora|Torah]] yn it Gryksk oer te setten, sammele de Gryksk-Egyptyske kening Ptolemaeus II 72 rabbinen by elkoar yn 72 ôfsûndere romten. Eltse rabbyn krige de opdracht in oersetting foar him te meitsje fan de [[Tora|Torah]] yn it Gryksk.
Rigel 19:
 
=== Konflikten tusken Joaden en kristenen ===
De LXX wie ûnder it [[Hellenisme]] en de earste ieuweniuwen fan it [[kristendom]] de wichtichst en faakst brûkte [[Bibeloersetting]], by de kristenen likegoed as by de Joaden. By de Joaden lykwols krige de oersetting fan om-ende-by [[100]] n. Kr. ôf in minne namme, om't de kristenen mei de LXX yn de hân besocht hawwe oan te toanen dat [[Jezus Kristus]] de foarseine [[Messias]] wie.
Nei inkele besikingen om de [[HebrieuskeHebriuwske Bibel]] op 'e nij, mar dan letterliker oer te setten – troch Aquila (hiel bot letterlik, en dêrtroch ûnbegryplik), troch Symmachus en troch [[Teodotion]] (op 'e nij besjen fan de LXX) – wurdt yn de [[synagoge]] besletten de bibel allinnich noch mar yn it HebrieuskHebriuwsk te lêzen en hat men de LXX oan de kristen oerlitten. Der waard yn HebrieuskHebriuwsk ûnderwiis oan bern ynvestearre en it proses fan standerdisearje fan wat lang om let de [[Masoretyske Tekst|Masoretyske tekst]] gien hite soe waard trochsetten.
 
== Kristlike fisy ==
By de kristenen hat de LXX fan grut belang west foar harren sindingswurk. It meastepart fan harren bekearlingen yn de earste ieuweniuwen wienen nammentlik Gryksktaligen en hja hienen mei de LXX fuort de oersetting fan it Alde Testamint beskikber. It belang fan de LXX docht fierder bliken út it grutte tal sitaten dy't yn de nijtestamintyske brieven en de [[Evangeelje|evangelyën]] steane en dy't neffens de Grykske tekst binne en net neffens de [[Masoreten|Masoretyske]] HebrieuskeHebriuwske tekst.
 
=== De boeken fan de Septuagint neffens it kristendom ===
De Septuagint befettet mear boeken as de HebrieuskeHebriuwske Bibel.
# Kanonike boeken. De septuagint befettet de folsleine HebrieuskeHebriuwske Bibel yn it [[Koinè|Gryksk]] dêr't de oersetting net altiten lyk fan is.
# [[Apokriven fan it Alde Testamint|Deuterokanonike boeken]]: binne 7 of 10 yn tal, ôfhinklik op hokker wize dat yndield wurdt. Dy boeken wurde sawol yn de Easterske Ortodokse tsjerken as by de Roomsk-Katolike tsjerke as gesachhawwend beskôge, mar net troch de protestanten.
# Apokrive boeken: dizze wurde troch de Roomsk-Katolike tsjerke allegear en troch de Eastersk ortodokse tsjerken meastentiids as net wier beskôge. (Psalm 151; 3 en 4 Makkabeeën, 1 (=3) Ezra; [[Psalmen van Salomo (pseudepigraaf)|Psalmen van Salomo]]
Rigel 37:
 
=== Farianten en omstriden boeken===
Yn de LXX komme faak sokke grutte ferskillen foar, dat yn de moderne útjefte fan de Septuaginta, de [[Deutsche Bibelgesellschaft]], fan in protte boeken twa ferzjes werjûn wurde: bygelyks fan [[Jozua (boek)|Jozua]] 18 en fan [[Richteren]] in ferzje út [[Codex Alexandrinus|Codex A]] en ien út [[Codex Vaticanus|B]]; [[Tobit|Tobias]] ien ferzje út A en B en in oare út [[Codex Sinaïticus|codex S]], itselde bart by [[Daniël (boek)|Daniël]]. [[De wiisheid fan Jezus Sirach]] hat yn de [[minuskel]]s geregeld ekstra ferzen, dy't yn de [[unciaal|uncialen]] en yn it HebrieuskHebriuwsk ûntbrekke.
Likegoed hawwe de boeken Daniël en [[Ester (boek)|Ester]] yn it Gryksk ekstra haadstikken. <br>
Ek it boek [[Psalmen]] hat in psalm ekstra, [[Psalm 151]]. It ferskil yn telling mei de masoretyske tekst is ek nuver: In de LXX foarmje psalm 9 en psalm 10 tegearre ien psalm: 9. Fan dêr ôf rint de nûmering fan de LXX foar op de masoretyske tekst. Psalm 11(MT) is yn de LXX psalm 10; psalm 145 fan de LXX is "ús" 146.
Rigel 43:
 
=== Gebrûk, oersetting, gesach ===
Sûnt de [[2e ieuiuw]] waard yn it Westen gebrûk makke fan alderlei Latynske oersettings, de [[Vetus Latina]]. Dat hawwe wat it Alde Testamint oanbelanget oersettings west fan de LXX. Tusken 390 oant 405 wurke [[Hiëronymus fan Stridon]] foar [[paus Damasus I]] oan de offisjele Latynske [[Fulgata]]. Dêrfoar hat hy it Alde Testamint streekrjocht oerset út it HebrieuskHebriuwsk. Fan de troch him "Deuterokanoniken" neamde boeken revisearre hy de al besteande oersetting yn it Latyn mei help fan it Grykske orizjineel yn de LXX. Yn de Fulgaat sette hy de boeken, op in inkele útsûndering, yn de folchoarde fan de LXX, dy't fan de joadske yndieling ôfwykt.
 
Tsjintwurdich is de LXX de standerttekst foar de [[Eastersk-Ortodokse Tsjerke]].