Wiardastate: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
Sebleouf (oerlis | bydragen)
L WPCleaner v1.30 - Break in list (Corrigé avec Wikipedy:WikiProject Check Wikipedia)
Pierlala (oerlis | bydragen)
No edit summary
Rigel 1:
[[Ofbyld:Goutum Wiardastate 1786.jpg|thumb|''Wiardastate yn 1786'']]
[[Ofbyld:Goutum tinkstien Wiardastate 14.JPG|thumb|''Tinkstien Wiardastate 2012'']]
De '''Wiardastate''' wie in [[state]] yn [[Goutum]], gemeente [[Ljouwert (gemeente)|Ljouwert]]. Fan de state is neat werom te finen, yn Goutum stiet noch in betinkingsmonumint. De state waard yn de lette MidsieuwenMidsiuwen bewenne troch it [[haadling]]enlaach Wiarda.
 
Om 1380 wenne Pybe Wiarda yn Goutum en hy wie grif de heit fan [[Sjoerd Wiarda]]. Dy lêste wie yn [[1399]], yn de striid tsjin de greve fan Hollân, oanfierder fan [[Eastergoa]]. Op de [[lândei|lândagen]] fanEastergoa yn it tichtbylizende [[Barrahûs]] wie hy in man fan kwizekwânsje. Yn 1400 moat hy meifochten hawwe oan de kant fan de Skieringers yn de slach om Dokkum en om de Camminghastins. In 1406 wie hy mei-rjochter yn it gerjocht ''in der Bacuwa'', it Ljouwerter Nijlân, súdwestlik fan de stêd. Sjoerd hie twa bruorren, Ids en Oene. Ids naam de namme fan syn mem oan en neamde him Ids Eminga. Hy boude [[Emingastate]] op ûngefear it steed fan it hjoeddeiske rêsthûs Aldlânstate. Oene krige ek syn eigen state: Burmaniastate, in eintsje westlik fan de Emingastate.