Amish: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
Dexbot (oerlis | bydragen)
L Removing Link GA template (handled by wikidata)
Pierlala (oerlis | bydragen)
No edit summary
Rigel 3:
 
== Skiednis ==
De woartels fan de Amish lizze yn de doperbeweging yn de tiid fan de [[reformaasje]]. De menisten binne de folgers fan de Fryske doperske pryster [[Menno Simons]]. De foaroanman fan de Switserske menisten, [[Jakob Ammann]], wie yn de twadde helte fan de 17e ieuiuw fan betinken dat de menisten har net holden oan de lear fan Menno Simons. De folgers fan Jakob Amman wurde de Amish neamd. Yn 1693 skieden de Amish har as separate groep ôf. Yn dy tiid wennen de Amish yn Súd-Dútslân, de [[Elsas]], en [[Switserlân]]. Troch ferfolging setten de Amish har ek nei wenjen yn [[Lotaringen]], it [[Saarlân]] en de [[Palts]]. Yn de 18e en 19e ieuiuw wie der in grutte emigraasje fan Amish nei Noard-Amearika. In grut part fan de lânferhuzers gong nei [[Pennsylvania]]. Dêr waarden de Amish net mear ferfolge om harren leauwen. De lêste mienskip fan de Amish yn Europa bestie oant 1941 yn Lúksemburch.<ref>[http://www.gameo.org/encyclopedia/contents/A4594ME.html Ynformaasje oer de Amish op gameo.org]</ref>
 
== Demografy ==
Rigel 32:
De namme Amish is in sammelnamme. Der binne ferskate groepen en streamingen binnen de mienskip: de Old Order Amish (95.000 leden), de New Order Amish (150.000 leden) en de Beachy Amish (9000 leden).<ref name="digibron">[http://www.digibron.nl/search/share.jsp?uid=00000000012dc2a4a2cc2c598314e913&sourceid=1011 digibron.nl] Een afgezonderd volk (út it Reformatorisch Dagblad)</ref> Dêrneist binne der ôfspjaltingen lykas de Swartzentruber Amish en de Troyer Amish.
 
It grutste part fan de Amish praat it Pennsylvania-Dútsk ('Pennsilfaani-Deitsch'). It is in 18e/19e ieuskeiuwske fariant fan it Dútsk út it suden fan Dútslân en Switserlân. Tsjinsten wurde hâlden yn it Heechdútsk of yn it Pennsylvania-Dútsk. In groeiende minderheid fan de Amish praat Ingelsk, de taal dy't se ek prate mei minsken fan bûten de mienskip. Minsken bûten de mienskip wurde troch de Amish ek wol Ingelsken neamd.
 
== Leauwen en libben ==