Des Moines (Iowa): ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
L The file Image:Des_Moines_Montage_.jpg has been replaced by Image:Des_Moines_Montage.jpg by administrator commons:User:Steinsplitter: ''Robot: Removing space(s) before file extension''. ''Translate me!''
Pierlala (oerlis | bydragen)
No edit summary
Rigel 31:
Yn [[1851]] krige Fort Des Moines de status fan [[stêd]]. Datselde jiers waard in grut part fan Fort Des Moines ferwuostge troch de [[Wettersneed fan 1851]]. Yn [[1857]] waard de namme fan it stedsje offisjeel feroare, en ferlear it de tafoeging "Fort". Teffens waard it doe de haadstêd fan Iowa, wat foartiid [[Iowa City (Iowa)|Iowa City]] west hie. De stêd groeide net bot oant nei de [[Amerikaanske Boargeroarloch]], mar doe't Des Moines yn [[1866]] oansletten waard op it spoarnetwurk, fûn der in wiere befolkingseksploazje plak. Yn dy tiid moast de pleatslike [[ekonomy]] it fral hawwe fan 'e ûnderskate [[stienkoal|koaleminen]] yn 'e omkriten. Yn [[1893]] wiene der 23 minen yn 'e lânsdouwe om Des Moines hinne, mar tsjin [[1908]] wiene dy sawat allegear útdien rekke. Yn [[1900]] wie Des Moines it grutste plak fan Iowa wurden, mei in ynwennertal fan goed 62.000.
 
Yn 'e twadde helte fan 'e [[tweintichste ieuiuw]] hie de stêd fan 'e jierren fyftich ôf te lijen ûnder in post-yndustriële ekonomyske delgong, dy't duorre oant yn 'e jierren tachtich. Sûnt is Des Moines dêr wer boppe-op kommen, en hat it himsels omfoarme fan in yndustrystêd ta in plak dêr't benammen de tsjinstesektor wichtich is. Fan 'e jierren sechstich ôf fûn der fierders, lykas by withoefolle stêden, in ûntfolking fan 'e binnenstêd plak yn it foardiel fan 'e bûtenwiken en fral ek fan 'e foarstêden, en sadwaande naam doe de befolkingsgrutte jierrenlang ôf. It hichtepunt kwa ynwennertal (fan krapoan 209.000 yn [[1960]]) is noch altyd net wer helle.
 
Under de [[Grutte Wettersneed fan 1993]] soarge swiere [[rein]] yn juny en begjin july derfoar dat de rivieren de Des Moines en de Raccoon slim bûten har oeren giene. Op [[11 july]] [[1993]] strûpte it wettersuveringsfabryk fan Des Moines derûnder, sadat 250.000 minsken har 12 dagen sûnder liedingwetter en 20 dagen lang sûnder drinkwetter rêde moasten. Yn [[2008]] brieken de diken fannijs troch en rûn wer in grut part fan Des Moines ûnder.