Gabrielle Enthoven: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
LNo edit summary
Pierlala (oerlis | bydragen)
No edit summary
Rigel 2:
'''Gabrielle Enthoven''' ([https://en.wikipedia.org/wiki/Order_of_the_British_Empire OBR]), berne as '''Augusta Gabrielle Eden Romaine''' ([[Westminster (wyk)|Westminster]], [[Londen]], [[12 jannewaris]] [[1868]] - [[Londen]], [[18 augustus]] [[1950]])<ref>[http://www.imdb.com/name/nm0258171/bio IMDb.com]</ref>, wie in Ingelske samler fan teatermemorabilia en toanielskriuwster.
 
Gabrielle wie in dochter fan William Romaine en Frances Tennant. Fan 1903 oant syn dea yn 1910 wie sy troud mei majoar Charles Enthoven. Yn har jeugd wie sy amateur-toanielspylster en letter skreau hja wol toanielstikken, mar har libbenswurk wie it oanlizzen fan in mei neat oars te fergelykjen samling materiaal út de skiednis fan it teater (benammen twadde helte 19e ieuiuw en 20e ieuiuw).
 
Yn [[1911]] sette Gabrielle Enthoven út ein mei in kampanje foar it stiftsjen fan in "National Museum of Theatre Arts". It [[Victoria & Albert Museum]] yn Londen, dy't har samling yn't earstoan wegere hie, lykas it [[Britsk Museum]], naam yn [[1924]] har kolleksje dochs op de noed. Sa lang at sy libbe hat Enthoven de samling oanfold.<ref> Wikipedia en: ''Theatre Museum''</ref> By har dea yn 1950 hie de ''Enthoven Collection'' in fêst plak yn de samling fan it museum en inspirearre it oare teaterleafhawwers om it sammeljen fuort te setten<ref>[http://archiveshub.ac.uk/features/theatreperformancecollections/ archiveshub.ac.uk/features/theatreperformancecollections]</ref>. Letter gie de kolleksje oer nei it Teater Museum yn Covent Garden.