Godeke Michels: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
Pierlala (oerlis | bydragen)
No edit summary
Rigel 3:
 
== Skiednis ==
Mei [[Klaus Störtebeker]], [[Hennig Wichmann]] en [[Magister Wigbold]], dy't ek lieders fan de Likedielers wiene, makke hy ein [[14e ieuiuw]] de [[Noardsee]] en [[Eastsee]] ûnfeilich. Se hienen snelle skippen dêr't se hurd mei by de [[Hânze]] [[Kogge|skippen]] komme koenen om dy te interjen. It gie se benammen om bút en net om it fjochtsjen, sadat dejingen dy't har net ferdigenen meastentiids oerboard smiten waarden.
 
Begjin [[1400]] besleat de Hânze om mei de Hollânske stêden de Likedielers oan te pakken. By in seeslach op de [[Westeriems (rivier)|Westeriems]] waard har in swiere slach tabrocht. Yn [[1401]] waard troch de Hânze noch in fleat by elkoar brocht en kaam it yn datselde jier ta in seegefjocht by [[Helgolân]]. De Likedielers ferlearen de slach en waarden finzen nomd.