Henk Hornstra: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
L [[]]
Pierlala (oerlis | bydragen)
No edit summary
Rigel 6:
Troch aksjefieren slagge it him om it ynpolderjen fan 4000 hektare bûtendyks natoergebiet tusken [[Swarte Harne]] en [[Holwert]] te kearen. Yn 1985 waard er lid fan it deistich bestjoer fan It Fryske Gea en yn 1992 waard er foarsitter fan IFG. Yn dy funksje waard It Fryske Gea yn [[1996]] foar in diel eigener fan it gebiet dêr't er eartiids foar striden hie, it 655 hektare grutte [[Noarderleech]].
 
Yn [[2007]] krige Hornstra de [[Sulveren Swanneblom]] foar syn bestjoerslid-maatskip dy't hast in fearns ieuiuw besloech. Yn dy perioade ferdûbele it ledenoantal fan 'It Gea' fan 12.000 nei 25.000 en groeide dy club út ta in profesjonele natoerbeskermingsferiening. Yn [[1992]] wûn er de [[Fryske Parsepriis]].
 
Nei tweintich jier riedslidmaatskip waard Hornstra yn [[1994]] wethâlder fan It Bilt. Dy funksje hâlde er tolve jier. Yn syn lêste jierren stelde Hornstra de skiednis fan de Wurkgroep It Bildt op skrift. Yn Sint Anne is in parkje nei him neamd.