Robert Peary: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
Pierlala (oerlis | bydragen)
No edit summary
Rigel 5:
Robert Edwin Peary waard berne yn [[Cresson]], Pennsylvania. Nei de dea fan syn heit waard er grutbrocht troch syn mem yn [[Maine]], dêr't oare famylje wenne. Peary groeide op yn Portland en Cape Elizabeth, Maine. Hy studearre [[sivile technyk]] oan Bowdoin College en makke de stúdzje dien yn 1877. Nei syn stúdzje waard Peary wurkleas en ferhuze nei Washington DC, dêr't hy in amtner foar de kustbewaking waard. Yn 1881 gie hy de Amerikaanse marine yn. Syn ûntdekkingsreizen begûnen yn 1884, doe't hy assistint wie op in ekspedysje nei [[Nikaragûa]] om in alternative rûte nei it [[Panamakanaal]] te finen.
 
Oan de ein fan de ieuiuw waard de [[Noardpoal]] as de lêste net-ûntdekte plak op it [[noardlik healrûn]] sjoen. De tocht by it besykjen de poal te berikken wie sa swier dat ûngefear 760 minsken stoarn binne. It sykjen nei de poal waard in ynternasjonale wedstriid mei teams út de [[Feriene Steaten]], it [[Feriene Keninkryk]] en [[Noarwegen]], fjochtsjend foar de eare om der as earste te wêzen.
 
Sûnt 1886 waard it berikken fan de Noardpoal foar Peary in obsesje. Hy hie de de marine inkele moannen ferlitten om [[Grienlân]] te ûntdekken. Peary woe ferneamd wurde en hy tocht dat de bêste wize foar soks it ûntdekken fan de Noardpoal wie. Yn 1886 ûntdekte hy dielen fan Grienlân, yn syn earste sân poalekspedysjes. Yn 1892 ferkende hy Noardeast-Grienlân, dêr't hy de [[Independence Baai]] ûntdekte en dy syn namme joech. Hy besocht nochris de poal te berikken, mar it mislearre alle kearen. Yn 1906 wie hy úteinlik 280 km fan syn doel ôf.