Westfalen (streek): ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
SamoaBot (oerlis | bydragen)
L Bot: Migrating 37 interwiki links, now provided by Wikidata on d:Q8614
Pierlala (oerlis | bydragen)
No edit summary
Rigel 11:
De histoaryske streek Westfalen beslacht in folle grutter gebiet, nammentlik it hiele westlike part fan it eardere [[Stamhartochdom Saksen]], tusken de [[Ryn|Neder-Ryn]] en de [[Wezer]]. De Saksen neamden har eastlike gebiet ''Eastfalen''. Yn de ''Annales regni Francorum'' wurde de bewenners fan East- en West-Falen foar it earst neamd by de beskriuwing fan it jier [[784]], doe't [[Karel de Grutte]] en syn âldste soan Karel oplutsen tsjin de Saksen, Karel de Grutte tsjin de "Ostfalaos" en syn soan tsjin de "Westfalaos". It wurd ''fal(ah)'' betsjut oars net as 'fjild' as 'flakte'. Dat East- en West-Falen wiene earst it ''eastlân'' en it ''westlân'' fan de [[Saksen (folk)|Saksen]]. De term ''East-Falen'' waard letter net mear brûkt.
 
Sûnt [[1180]] wie der in [[hartochdom Westfalen]]. De weardichheid fan hartoch waard droegen troch de [[Keur-Keulen|aartsbiskop en karfoarst fan Keulen]]. Oan de ein fan de 18e ieuiuw hie dy feitlik allinne noch macht yn in lyts gebiet mei de distrikten [[Olpe (distrikt)|Olpe]] en [[Hochsauerlandkreis]] fan no.
 
By de yndieling fan it [[Hillige Roomske Ryk]] yn in tal [[kreits]]en yn [[1500]], waard de [[Westfaalske Kreits]] it hiele gebiet beëasten de [[Boergondyske Kreits]]. It omfieme de gebieten fan de prinsbisdommen [[prinsbisdom Münster|Münster]] en [[prinsbisdom Luik|Luik]], en alle tuskenynlizzende lytsere foarstedommen. Yn it earstoan wie ek it [[stift Utert]] yndield by de Westfaalske Kreits.