Willy Krogmann: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
Pierlala (oerlis | bydragen)
No edit summary
Rigel 2:
 
== Oplieding en wurkpaad ==
Nei de stúdzje germanistyk, filosofy, midsieuskemidsiuwske- en nije skiednis yn [[Rostock]] promovearre er dêr 1928 mei ''Untersuchungen zum Ursprung der Gretchentragödie.'' Yn 1939 waard er privaatdosint oan de [[Universiteit Königsberg]] nettsjinsteande de wjerstân tsjin syn beneaming.
 
1933 waard er lid fan de [[Nasjonaalsosjalistyske Dútse Arbeiderspartij|NSDAP]] en it Nasjonaalsosjalistyske Dútse Dosintebûn. Fan 1933 oant 1936 wurke er by it Ynstitút Deutsches Wörterbuch yn Berlyn, dat [[Bruorren Grimm|Grimm]] syn ''Deutsches Wörterbuch'' fannijs útjoech. Dêrnei wie er meiwurker oan Trübner syn Dútsk Wurdboek oant 1939. Dat wurk ferwiksele er foar dat fan wittenskiplik meiwurker oan de [[Universiteit fan Hamburch]], dêr't er ûnder mear dosint [[Frysk]] wie. Fan 1940 oant 1945 wurke er as ''Sonderführer'' fan de [[Wehrmacht]] yn it besette Nederlân, dêr't er fan 1940 ôf lid fan de [[Fryske Akademy]] yn Ljouwert wie.