Ynterfryske Dikekaart: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
Jelle (oerlis | bydragen)
LNo edit summary
Pierlala (oerlis | bydragen)
No edit summary
Rigel 5:
In kommisje fan saakkundigen hat gear west om de plaknammen sa goed mooglik yn it hjoeddeiske Westerlauwersk Frysk fêst te stellen. De measte plaknammen krigen dêrmei har âlde betsjutting werom, dêr’t de woartels fan gauris yn it [[Aldfrysk]] leinen. De âlde betsjutting fan de plaknammen is yn de hjoeddeiske Nederlânske en Dútske oersetting faak alhiel weiwurden.
 
Ynterfryske kartografy is fan alle tiden. Yn de 16e oant en mei de 19e ieuiuw ferskynden ek al kaarten fan Fryslân tusken Fly (hjoeddeiske [[Iselmar]]) en de rivier de Wezer. Yn 2010 ferskynde de lêste Ynterfryske posterkaart. De Ynterfryske dikekaart is yn detail útwurke en lit sjen dat de ferbûnens tusken de ferskillende Fryske lannen nei ieuweniuwen ûnder ferskillende nasjonale steaten noch hieltyd stân hâldt yn de plaknammen.
 
It is de earste moderne kaart mei alle plaknammen yn it Frysk en dy’t ek noch yn detail útwurke is. De Ried fan de Fryske Beweging hopet hjirmei in bydrage leverje te kinnen oan de Ynterfryske gearwurking. De kaart waard op sneon [[24 septimber]] [[2011]] presintearre troch de [[Ried fan de Fryske Beweging]] op de betinking fan de [[Slach by Warns]] fan [[1345]].