Anne Tjerk Popkema: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
ynfoboks
Pierlala (oerlis | bydragen)
No edit summary
Rigel 25:
 
== Biografy ==
Popkema is hikke en tein yn Burgum en gie nei it kristlik gymnasium (no Beyers Naudé) yn [[Ljouwert (stêd)|Ljouwert]]. Ferhuze yn 1994 nei [[Grins (stêd)|Grins]] en studearre dêr Frysk. Siet by de Fryske studinteferiening [[FFJ Bernlef]]. Nei in jier oan de learare-oplieding Frysk en Nederlânsk oan de [[Noardlike Hegeskoalle Ljouwert]] begûn er yn 1998 oan in stúdzje Frysk oan de [[Ryksuniversiteit Grins]]. Studearre dêr yn [[2002]] ôf yn de rjochting MidsieuskMidsiuwsk Frysk en Taalskiednis. Krige de skripsjepriis fan de Fryske Akademy foar syn skripsje oer hoe't yn it Aldfrysk it begryp ''wei'' oantsjut waard.
 
Wurke tusken 2002-2004 foar de [[Fryske Akademy]], oan it earste boek dat yn it Frysk printe is, de [[Alde Druk]], út 1484-1486. Yn 2004-2008 foltôge er by it Fach friesische Philologie (de Nordfriesische Wörterbuchstelle) fan de Christian-Albrechts-Universität yn it Dútske Kiel it ''Altfriesisches Handwörterbuch'' (2008). Hofmann, de oarspronklike bewurker, ferstoar yn 1998 doe't it boek oant de letter S klear lei. Popkema makke it wurk fierder dien. Skreau wittenskiplike artikels oer it [[Aldfrysk]], leksikografy en de skiednis fan it Frysk. Yn 2009 begûn Popkema mei in Frysk taalburo yn syn wenplak Grins: Taalburo Popkema, dat him spesjalisearret op oersetten fan en ûndersyk nei it Frysk.