Antiochje: ferskil tusken ferzjes

Gjin feroaring yn grutte ,  6 jier lyn
gjin bewurkingsgearfetting
(oanfolling)
No edit summary
De stêd rekke yn ferfal nei de [[Romeins-Perzyske oarloggen|Perzyske ynvaazje]] yn [[540]] en de ferovering troch it islamityske [[Arabyske ryk]] yn [[636]]. De grutste oarsaak wie, neist de iderkear wer plonderings en ferwoastings, de ferskowing fan de hannelsrûtes dy't faak oer [[Konstantinopel]] gienen neidat dit de haadstêd waard fan it East-Romeinske Ryk.
 
Yn de [[11e ieuiuw]] wisten de Byzantinen de stêd te weroverjen op de Arabieren, mar yn [[1084]] makken de [[Seltsjoeken]], yn ien fan de soad [[Byzantysk-Seltsjoekske oarloggen]], har master fan Antiochje.
 
De [[Krústocht|krúsfarders]] feroveren de stêd yn [[1098]] ûnder lieding fan [[Bohemund I]]. By it belis soe de hillige [[Sint-Joaris (hillige)|Sint-Joaris]] ferskynd wêze. De krúsfarders makken fan Antiochje de haadstêd fan it [[Prinsdom Antiochje]], ien fan de [[krúsfarderssteaten]].
 
== Bekende persoanen út Antiochje ==
* [[Lukas]] (evangelist) (1e ieuiuw), ien fan de fjouwer evangelisten.
* [[Herodianus]] (± 170 - 240), Gryksk histoarikus
* [[Domnius]] (3e ieuiuw), beskermhillige fan [[Split]]
* [[Johannes Chrysostomus]] (± 345 - 407), [[tsjerkefaar]]
* [[Gökhan Zan]] (7 septimber 1981), Turksk fuotballer
17.653

bewurkings