Daka: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
Pierlala (oerlis | bydragen)
No edit summary
Pierlala (oerlis | bydragen)
No edit summary
Rigel 28:
Daka leit oan in sydtûke fan de [[rivier]] [[Dhaleswari]], yn it hert fan it grutste [[jute]]gebiet fan de wrâld. It gebiet dêr omhinne is tige tichtbefolke, mei alle swierrichheden anneks, en wurdt faak rekke troch slimme oerstreamings feroarsake troch [[Moesson|moessons]]. De trochsneed temperatuer is 25 °C.
== Ut de skiednis ==
Daka waard stifte yn de [[10e ieuiuw]] en wie fan [[1608]] oant [[1704]] de haadstêd fan [[Bengalen (gebiet)|Bengalen]]. Eardat Daka yn [[1765]] ûnder it bewâld fan it [[Feriene Keninkryk]] kaam, wie de stêd in hannelssintrum foar Britten, Frânsen en [[Nederlân|Nederlanners]]. Op 8 augustus 1874 waard de earste stien foar in [[wetterlieding]]net lein.
 
De stêd telde yn [[1881]] 79076 ynwenners; hast likefolle hindoes as moslims. Daka wie doestiids it wichtige hannelsplak foar [[rys]] út de delta, foar [[indigo (kleurstof)|indigo]] en [[hout]] út [[Tippera]] en foar [[teeplant|tee]] út [[Assam]]. Under Britsk bewâld wienen der in soad amtlike tsjinsten en skoallen festige yn Daka. Opfallend wie ek it [[oaljefanten]]depot dat dêr húsmanne. Yn [[1905]] waard Daka fannijs de haadstêd fan Bengalen om yn [[1956]] de haadstêd fan [[East-Pakistan]] te wurden.