Guggenheim Museum (New York): ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
→‎Keunststreamingen: - oerstallige kat
Pierlala (oerlis | bydragen)
No edit summary
Rigel 7:
De musea meitsje allegear diel út fan de [[Solomon R. Guggenheim Foundation]].
 
It is in museum foar [[moderne keunst]] mei benammen skilderkeunst fan de 20e ieuiuw en ien fan de wichtichste musea foar moderne keunst.
 
It oarspronklike gebou is in museumstik op himsels troch syn bysûndere foarmjouwing. De tentoanstellingsromte bestiet út in spiraalfoarm, dy't him ek bûten manifestearret. De keunstwurken wurde tentoansteld lâns in spiraalfoarmich ferrinnende helling dy't it hiele gebou trochgiet. It sintrale diel fan de romte, dy't oer alle ferdjippings, foar safier't der hjir fan ferdjippings sprutsen wurde kin, trochrint, is ôfdekt troch in grutte ljochtkoepel. It is ûntwurpen troch de Amerikaanse arsjitekt [[Frank Lloyd Wright]] yn gearwurking mei [[Hilla von Rebay]] fan de Solomon R. Guggenheim Foundation.
Rigel 13:
It Guggenheim Museum begûn as museum foar de priveekolleksje fan [[Solomon R. Guggenheim]]. Yn 1956 waard mei de bou begûn en op [[21 oktober]] [[1959]] gie it museum yn New York iepen. Wright ferstoar in heal jier foar de iepening. Yn 1992 kaam ín útwreiding klear en waard de museumromte ferdûbele mei in tsjien ferdjippings hege toer, wat al troch Wright foarsjoen waard yn syn plannen. Arsjitekt fan de útwreiding wie Gwatthmey Siegel & Associates. Yn 2006 en 2007 waard it gebou oan de bûtenkant folslein restaurearre.
 
De keunstwurken dy't hjir tentoansteld wurde fariearje fan [[Moderne keunst]], sawol Europeesk en Amerikaansk ([[pop-art]]) oant renomearre artysten as [[Picasso]]. De spiraalfoarmige galerij wurdt brûkt foar wikseltentoanstellings; yn it fjouwerkante diel fan it museum wurdt mar in diel fan de fêste kolleksje, wêrûnder de [[Thannhauser-kolleksje]], toand. De permaninte kolleksje wurdt fierder toand yn de fiif oare Guggenheim-museums en jouwe in goed oersjoch fan de plastyske keunst yn de 20e ieuiuw.
 
Inkele wurken binne: