Hammoerabi: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
Dexbot (oerlis | bydragen)
L Removing Link GA template (handled by wikidata)
Pierlala (oerlis | bydragen)
No edit summary
Rigel 1:
[[Ofbyld:Milkau Oberer Teil der Stele mit dem Text von Hammurapis Gesetzescode 369-2.jpg|thumb|300px|''Hammûraby en Samas'']]
[[Ofbyld:Hammurabi's Babylonië.svg|right|thumb|300px|''[[Babyloanje]] ûnder Hammûraby'']]
'''Hammûraby''' ([[Akkadysk]]e foarm fan it [[Amoritysk]]e ''ˤ Ammurāpi'', "besibbe genêzer", ôflaat fan ''ˤ Ammu'', "besibbe oan heitekant", en ''Rāpi'', "genêzer"), ± [[18e ieuiuw f.Kr.|1795 - 1750 f.Kr.]] wie de seisde kening fan [[Babylon (Babel)|Babylon]]. Hy waard as [[Amoriten|Amoryt]] de earste kening fan it [[Babyloanje|Ald Boabyloanyske Ryk]]. Troch in rige oarloggen tsjin de oanlizzende keninkriken te winnen, slagge hy deryn de kontrôle fan Babylon oer [[Mesopotaamje]] út te wreidzjen. Hoewol't syn ryk hiel Mesopotaamje kontrolearre op it momint fan syn ferstjerren, wienen syn opfolgers net by steat om dat ryk by ien te hâlden.
 
Hammûraby stiet bekend om syn wetten, dy't oerlevere binne yn de saneamd ''[[Kodeks Hammûraby]]'', en dy't ien fan de earste skriftlike kodifikaasje yn de skiednis wie.
Rigel 13:
 
== Kodeks Hammûraby ==
De wetten dy't fan Hammûraby oerlevere binne, de saneamd ''[[Kodeks Hammûraby]]'', binne optekene op in sawat 3 meter hege stèle fan swart [[dioryt]] yn it Ald-Babyloanysk. De stien waard yn desimber 1901 ûntdekt yn [[Susa (Iran)|Susa]] (yn Elam), no lizzend yn Koezistan, dêr't hy yn de [[12e ieuiuw f.Kr.]] bedarre wie as bút fan de [[Elamiten]]. De stien wurdt op it heden tentoansteld yn it [[Louvre]] yn Parys. De wetten fan Hammûraby jilden as ien fan de earste skriftlike kodifikaasje yn de skiednis, mar binne sels baseare op noch eardere Sumearyske wetten.
 
De Kodeks fan Hammûraby gean oer in wiid spektrum fan ûnderwerpen lykas lânbou en feehâlderij, diefstal, moard, deaslach, lichaamlik letsel, skea oan goederen, houliksrjochten, de posysje fan de frou en dat fan it bern. Yn totaal wurde 282 wetten op de stien beskreaun. Sy falle op troch har grutte hurdheid en strengheid, bygelyks in wet as dizze: ''"Hat in boumaster in hûs bouwe litte dat ynstoart, en wurdt de bewenner derby deade, dan moat de boumaster sels ek deade wurde; wurdt de soan fan de bewenner deade, dan moat de soan fan de boumaster deaden wurde."''