Igorliet: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
Pierlala (oerlis | bydragen)
No edit summary
Rigel 4:
== Ynhâld ==
[[Ofbyld:Biliwar.jpg|thumb|[[Ivan Bilibin]] syn yllustraasje by it ''Igorliet'']]
It ''Igorliet'' beskriuwt de ûngelokkige fjildtocht yn [[1185]] fan Prins Igor fan Novgorod-Severski, in stedsje noardeastlik fan [[Kiev]], tsjin de [[Polovstsy]], plonderjende nomaden. Dy roekeleaze, mar histoarysk ûnbetsjuttende fjildtocht, dy't úteinlik late ta Igor syn nederlaach, wurdt ferhearlike en besongen yn sterk poëtyske bewurdings. Opmerklik is dat Igor net allinnich besongen wurdt, mar ek bekritisearre. As hy net sa ûnbetochtsum west hie om poerallinnich tsjin de fijân op te lûken, mar him feriene hie mei oare Russyske foarsten (benammen mei de grutfoarst fan Kiev), hie er mear kâns hân op súkses. It ''Igorliet'' jout dêrmei krityk op de ferdieldheid fan de Russyske foarsten yn de tolfde ieuiuw, doe't it lân al bedrige waard troch ynfallen fan de [[nomade]]n út de [[steppe]]n oan de eastkant fan de [[Wolga]]. In ieuiuw letter soe Ruslân alhiel ûnder de ynfloed komme fan de Mongoals-Tartaarske klibers en bruts in tiidrek oan dat bekend stiet as it “Tartarejok” (fan [[1220]] oant [[1480]]).
[[Ofbyld:Slovo o pluku Igorově, 1800.jpg|thumb|Earste printe útjefte ''Igorliet'', (1800)]]
 
== Untdekking ==
It manuskript fan it '[[Igorliet]]' waard earst yn [[1793]] ûntdekt doe't in gesant fan greve [[Aleksej Moesin-Poesjkin]] in bondel âlde hânskriften kocht. Dy samling, dy't blykber út de [[16e ieuiuw]] kaam, befette neist it ''Igorliet'' ûnder mear ek de [[Nestorkronyk]]. Fanwege [[Katarina II fan Ruslân]] waard yn 1796 in mei de hân skreaune kopy makke en yn [[1800]] ferskynde de earste printe ferzje, dy't daliks ûntfongen waard as in hichtepunt yn de Russyske en wrâldliteratuer. Al gau waarden troch ferneamde Russyske dichters (wêrûnder [[Vasili Zjoekovski]], yn de tweintichste ieuiuw ek [[Konstantin Balmont]] en [[Nikolaj Zabolotski]]). mar ek yn it bûtenlân, oersettingen makke nei modern Russysk, wêrby't de epyske stikken faak ferfongen waarden troch lyryske.
 
It orizjinele manuskript gie yn de [[Brân fan Moskou (1812)|brân fan Moskou yn 1812]] ferlern.