Ipen (skaai): ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
LNo edit summary
Pierlala (oerlis | bydragen)
No edit summary
Rigel 12:
 
== Ypsykte ==
De iep is gefoelich foar de [[ypsykte]]. Dizze ferwylgingssykte wurdt feroarsake troch de skimmel ''[[Ophiostoma ulmi]]''. De ypsykte wurdt oerbrocht troch de [[ipespintkrobbe]], dy't de skimmel by him hat. De skimmel groeit yn de houtfetten fan ipen, sadat dy ferstopd reitsje. De blêden wurde wilich en de beam giet dea. Fan it tige grutte ipebestân yn Nederlân fan begjin 20e ieuiuw is tusken 1919 en 2000 grif njoggentich prosint troch de ypsykte ferdwûn, sadat it lânskip in grutte feroaring ûndergien hat. De ferkeap fan Ipesoarten yn Nederlân is fan mear as 56.000 yn 1989 tebekrûn nei mar 6.800 yn 2004,<ref name=Hiemstra>Hiemstra et al., (2005). ''Belang en toekomst van de iep in Nederland''. Praktijkonderzoek Plant & Omgeving, Wageningen UR</ref> Sûnt 1928 is men ûnûnderbrutsen oant 1992 dwaande west mei it kweken fan resistinte farianten.<ref name=Burdekin> Burdekin, D. A. & Rushforth, K. D. (Revised by Webber J. F. 1996). Elms resistant to Dutch elm disease. ''Arboricultural Research Note ''2/96. Arboricultural Advisory and Information Service, Alice Holt, Farnham, UK.</ref> Fergelykbere kweekprogrammas wiene der yn Noard Amerika (1937), Itaalje (1978) en Spanje (1990s).
 
== Tapassings ==
Iperen[[hout]] waard tige wurdearre om syn fezelstruktuer dy't net sa maklik tespjaltet. It frijwat djoere hout waard brûkt foar [[tsjel]]len, [[stoel]]sittings, [[klomp]]en en [[deakist]]en. De tichtens fan it hout ferskilt tusken de soarten, mar sit trochstrings om de 560kg de m³<ref>[http://www.nichetimbers.co.uk/native-hardwood/elm/ Elm]. Niche Timbers. Rieplachte 19-08-2009.</ref>. At it hout wiet bliuwt sil it net gau ferrotsje. Yn de midsieuwenmidsiuwen waarden holle stammen dêrom wol brûkt as wetterbuis. De wjerstân tsjin ferrotsjen is it mei dien by grûnkontakt.<ref>[http://www.nichetimbers.co.uk/native-hardwood/elm/ Elm]. Niche Timbers. Rieplachte 19-08-2009.</ref>.
 
Ipeblêd hat in lange skiednis as feefoer. Yn de grutte hûngersneed fan 1812 yn Noarwegen hat de seane bast fan de Yp in soad minsken fan de hûngerdea rêden. It ipesied is ek streksum, it befettet sa'n 45% aaiwyt en < 7% rizel. <ref name=Osborne>Osborne, P. (1983). The influence of Dutch elm disease on bird population trends. ''Bird Study'', 1983: 27-38.</ref>
 
Fan de 18e ieuiuw oant begjin 20e ieuiuw waard de ipebeam oeral yn Jeropa [[Noard Amearika]] foar de sier oanplante. Sy waarden bylâns diken, wat in soarte fan tunneleffekt joech, en om pleatsen set, yn stêden en doarpen. Yn Fryslân bestie de beambeplanting op de klaai- en feankrite meast út ipebeammen. De âlde rykswegen dêre (b.g. de [[Grinzer Strjitwei]]) wienen der mei beplante. Oare skaaimerken fan de yp binne dat se goed oer loftfersmoarging kinne en dat it ôffallen blêd hurd wei wurdt.
 
== Soarten ==