Izer: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
Dexbot (oerlis | bydragen)
L Removing Link GA template (handled by wikidata)
Pierlala (oerlis | bydragen)
No edit summary
Rigel 5:
 
== Untdekking ==
Ut opgravings blykt dat om [[4000 f.Kr.]] izer brûkt waard yn [[Sumearje]] en it [[Alde Egypte]] foar [[spear]]punten en [[ornamint]]en. Faak kaam it izer hjirfoar fan ynsleine [[meteoryt|meteoriten]] (it saneamde [[meteoarizer]]). Yn de dêrop folgjende ieuweniuwen waard it brûken fan izer ferspraat nei [[Mesopotaamje]], [[Anatoalje]], [[Midden-Easten]] en oare gebieten. Neidat ûntdekt wie hoe't izer út syn ertsen wûn wurde koe en dêrnei smeid, waard it in soad brûkt.
 
Tusken de [[12e ieuiuw f. Kr.]] en de [[10e ieuiuw f.Kr.]] naam izer it plak fan [[brûns]] oer by de produksje fan ark en wapens. Dizze oergong fan brûns nei izer, dy't [[izertiid]] ynlate, waard net sasear feroarsake troch bettere eigenskippen fan izer, mar mear troch sterk slonken beskikberheid fan [[tin (elemint)|tin]], in haadbestândiel fan brûns. Yn it Midden-Easten waard ûntdekt dat de kwaliteit ferbettere wurde koe troch it rûge izererts te ferhjitsjen yn in bêd fan [[houtskoal]]. Letter waard dat prosedee bekend as ''karbonisaasje''. Yn [[Sineeske keizerryk|Sina]] waard it prinsipe fan de [[heechoven]] betocht en koe de kwaliteit fan it izer fierder ferbettere wurde. Der kaam dan mear [[koalstof]] yn it izer wêrtroch't al in soarte stiel ûntstie, in [[legearing]] fan izer en koalstof.
 
De namme ''izer'' komt fan it [[Oergermaansk]]e wurd ''īsarna-'', wat op syn beurt mooglik wer komt fan it [[Proto-Yndo-Europeesk]] ''is-əro-'' "sterk (metaal, yn fergeliking mei it sêftere brûns)".