Maya's: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
L kat oars
Pierlala (oerlis | bydragen)
No edit summary
Rigel 1:
[[Ofbyld: Sololá market.jpg|thumb|right|''Mayaman'']]
De '''Maya's''' ([[Yucateeksk Maya]]: ''maaya'ob'', [[Spaansk]]: ''mayas'') binne in folk yn it suden fan [[Meksiko (lân)|Meksiko]] en noardlik [[Sintraal-Amearika]]. De term wurdt brûkt as oerkoepeljende namme foar in grut oantal ynlânske folken út deselde regio, dy' t deselde kulturele en taalkundige eftergrûn hawwe.<br>
Hjoed de dei binne der sa'n 7 miljoen Maya-sprekkende boeren en stedelingen yn Guatemala, Belize, Honduras en yn de Meksikaanse steaten [[Yûkatán (steat)|Yûkatán]], [[Kwintana Roo]], [[Campesj (steat)|Kampesj]], [[Sjiapas]] en [[Tabasko (steat)|Tabasko]]. De Maya’s binne ferdield oer 29 ferskillende folken. Op it [[skiereilân]] [[Yûkatán (skiereilân)|Yûkatán]] wenje fierút de measte Maya’s. De Maya yn [[Guatemala]] hawwe fan alle Maya-folken de measte skaaimerken fan de âlde Mayakultuer hâlden. Dit omdat hjir de ynlânske folken oant fier yn de 20e ieuiuw skaat hâlden waarden fan Europeanen en harren neisieten.
 
== Eftergrûn ==
In soad Maya's wrakselje mei it probleem dat se oan de iene kant profitearje fan de goede kanten fan de moderne wrâld, wylst se dochs net harren eigen identiteit ferklieze wolle. Yn de 20e ieuiuw hawwe de Maya's net allinnich slachtoffer west fan efterstelling en ûntrjochting, mar ek fan ferfolging en massamoard.
 
Mear as 80% fan de 200.000 slachtoffers fan de [[Guatemalteeske boargeroarloch]] (1960-1996) bestie út Maya's; yn de jierren '80 ûnder de presidinten [[Romeo Lucas García]] en [[Efraín Ríos Montt]] barde yn Guatemala in streekrjochte [[Guatemalteekse genoside|genoside]] op de Mayabefolking. De [[Rooms-katolike Tsjerke]] fan Guatemala hat de faak grouwélige misdieden wiidweidich dokumintearre, wat in biskop fan it aartsbisdom, [[Juan Gerardi]], it libben koste. Ien dy't fan Mayaanse side aksje fiert tsjin duorjende rjochtleazens is [[Rigoberta Menchú]] ([[Nobelpriis foar de Frede]], 1992). Under ynternasjonale druk binne de lêste jierren lykwols mear rjochten takend oan it grutte Mayaanse befolkingsdiel; benammen it twatalich ûnderwiis is ynternajonaal wol priizge. Yn Meksiko rûnen de spanningen op doe't yn [[1994]] it [[Zapatistysk Nasjonaal Befrijingsleger]] (EZLN) yn Chiapas yn opstân kaam.