Sineesk: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
Dexbot (oerlis | bydragen)
L Removing Link GA template (handled by wikidata)
Pierlala (oerlis | bydragen)
No edit summary
Rigel 34:
De gemiddelde Sinees ken ûngefear 4.000 karakters, 6.000 karakters wurdt sjoen as it minimum om je oan melde te kinnen foar in univerrsitêre oplieding, heech opliede Sinezen kenne ûngefear 7.000 oant 10.000. De komplekse wurking fan dit skrift soarget derfoar dat in soad minsken yn Sina en dêr wêr't de Sineeske talen sprutsen wurde net of net goed genôch lêze of skriuwe kinne. Neffens de ''CIA-The World Factbook'' kin 14% fan de Sinezen [[analfabeet|net lêze of skriuwe]].
 
Om de swierrigensgraad fan it Sineeske skrift hat it kommunistyske bewâld yn de begjinjierren it ôfskaffe wold om it hielendal te ferfangen troch [[Hanyu pinyin]]. Dat brocht lykwols it probleem mei him dat eltsenien goed [[Mandaryn (taal)|Mandaryn]] lêze en ferstean kenne moast. Ek soe skreaun Sineesk, troch de protte [[homofoan (wurd)|homofoanen]] yn de taal, tige slim lêsber wurde. Uteinlik is dêrom fan it plan ôfsjoen. Wol binne yn de jierren 50 fan de 20e ieuiuw de [[Ferienfâldige Sineesk|ferienfâldige karakters]] ynfierd, dy't it skrift makliker meitsje maosten. Oer de fraach oft it Sineesk troch dizze simplifikaasje yndie makliker wurdn is binne de mienings slim ferdield.
 
In yn it Sineeske skrift stelde tekst is foar elke lettere Sineesk te begripen, al kinne twa sprutsen ferzjes fan deselde tekst ûnderling folslein ûnfersteanber wêze. As it Latynske alfabet echt ynfierd wie hie elke taal syn eigen skriuwwize krigen en soenen ek skreaune teksten ûnderling net begrypelik wêze.