Tirana: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
SamoaBot (oerlis | bydragen)
L Bot: Migrating 140 interwiki links, now provided by Wikidata on d:Q19689
Pierlala (oerlis | bydragen)
No edit summary
Rigel 26:
'''Tirana''' (ek wol ''Tiranë'') is de [[haadstêd]] fan [[Albaanje]]. De stêd leit oan de rivier [[Tiranë (rivier)|Tiranë]] en de [[Lanë]] yn it meast flakke part fan it lân, op 40 km fan de havenstêd [[Durrës (stêd)|Durrës]].
 
Tirana waard stifte as in [[Ottomaanske Ryk|Ottomaanske]] stêd yn 1614 troch [[Suleiman Bargjini]], in pleatslik hearsker út Mullet; lykwols wie op dat plak al bewenning sûnt de [[Aldheid]] sûnder ûnderbrekking. Tirana waard yn 1920 haadstêd. It wie doe noch mar in plakje, dat as kompromys tusken it noarden en it suden fan it lân de haadstêd fan Albaanje wurde mocht. Yn de rin fan de 20e ieuiuw is Tirana yn alles de wichtichste stêd fan it lân wurden, dêr't earder plakken as [[Shkodër (stêd)|Shkodër]], [[Durrës (stêd)|Durrës]] en [[Korçë (stêd)|Korçë]] grutter en fan mear belang wienen. Benammen yn de jierren fyftich krige de stêd der in protte yndustry by en nei de delfal fan it kommunistysk regear yn [[1991]] lutsen in soad minsken fan it plattelân nei de stêd yn de hope op in better bestean.
 
Mids de stêd leit it kolossale [[Skanderbegplein]]. It is neamd nei Albaanjes nasjonale held [[Skanderbeg]] (Gjergj Kastrioti). Oan it plein stean ûnder oaren it parlemintsgebou en ferskate regeringsgebouwen.