Abdij fan Echternach: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
SamoaBot (oerlis | bydragen)
L Bot: Migrating 8 interwiki links, now provided by Wikidata on d:Q702704
Pierlala (oerlis | bydragen)
No edit summary
Rigel 6:
=== Willibrord ===
[[Ofbyld:Iechternach Basilika.jpg|thumb|left|150px|The modern basilica in Echternach.]]
Echternach, oan de rivier de Sauer, hie yn de [[1e ieuiuw]] in [[Romeinske Ryk|Romeinske]] filla. Yn de [[6e ieuiuw]] wie dat lângoed yn hannen rekke fan de biskop fan Trier, dy't dêr in lyts kleaster boude. Yn [[698]] skonk [[Irmine]], dochter fan [[Dagobert II]], lân yn Echternach oan de [[Northumbria]]anske misjonaris Willibrord, [[Biskoppen fan Utert|Biskop fan Utert]], om dêr in grutter kleaster te setten; hja beneamde Willibrord as earste abt. De kar foar Willibrord wie foar in part ynjûn troch syn reputaasje as bekearder fan heidenen (de ''Apostel fan de [[Friezen]]''), diels ek om't de biskopssit fan Utert troch (heidenske) Fryske oanfallen yn gefaar rekke wie. Echternach soe it earste Angel-Saksyske kleaster op it Jeropeeske kontinint wurde.
 
Willibrord koe de earste tsjerke yn Echternach ynwije yn [[700]] mei jildlike stipe fan [[Pepyn fan Herstal]]. Pepyn's soan, [[Karel Martel]], stifter fan de [[Karolingen|Karolingyske]] dynasty, liet syn soan [[Pepyn de Koarte]] yn [[714]] yn Echternach dope. Neist stipe fan de Karolingen waard Willibrord syn abdij ek skoarre troch [[Wilfried]], mei wa't er yn [[Ripon]] tsjinne hie. Fierders slagge it Willibrord om anti-Ierske foaroardielen fan Wilfrid te feroarjen en krige doe ek steun fan in soad Ierske Muontsen dy't de rêchbonke fan it earste kleaster wurde soene.
Rigel 19:
Under de beskerming fan Pepyn de Koarte en Karel de Grutte, gie it de abdij foar de wyn en koe it in krusjale rol spylje yn de ûntwikkeling fan de iere [[Karolingyske Renêssânse]].
 
Yn de iere 9e ieuiuw wie de abdij op syn hichtepunt, wat syn geastlike en wrâldske macht oanbelanget, mar dat koe fral troch de beskerming fan de Karolingen. Doe't it gesach fan de sintrale Frankyske oerheid ophold yn de boargeroarloggen ûnder [[Loadewyk de Fromme]], naam de macht fan de abdij ek ôf. Yn [[847]] waarden de Benediktiner muontsen ferdreaun en ferfongen troch leke-abten.
 
=== Weromkommen fan de Benediktiner muontsen ===
[[Ofbyld:Codex aureus Epternacensis folio 24 2.jpg|thumb|Side fan de [[Kodeks Aureus fan Echternach]]]]
It lot en foartún fan de abdij gie op en del mei dy fan it [[Hillige Roomske Ryk]]. Doe't [[Otto I, Hillich Roomsk Keizer|Otto de Grutte]] it keizerryk herstelde woe er it yntellektuele en religiesk libben yn syn gebieten ek fernije, ek yn Echternach. Yn [[971]] brocht er de Benediktinen werom yn Echternach, 40 muontsen út Trier. De abdij waard doe wer ien fan de meast ynfloedrike yn Noard-Jeropa. De wichtige Kodex Aureus fan Echternach waard hjir yn de [[11e ieuiuw]] produsearre, hielendal mei goudinkt skreaun.
 
== Ein ==